Iepening monumint Aldekleaster by Hartwert

juny 13, 2023 08:09

By Hartwert is op 10 juny in monumint ûntbleate op it plak fan it eardere Aldekleaster of Blomkamp.

Foto: Stifting Monumint Aldekleaster 2023

De stifting Krúspunt wie dêr op twa manieren yndirekt by behelle. Alderearst: it idee foar in monumint wie in âlde winsk fan pastoar Jan van der Wal, âld-bestjoerslid fan it Roomsk Frysk Boun, en it Kristlik Frysk Selskip. Hy hat der altyd foar pleite dat der op dat plak, dêr’t safolle moais en safolle freesliks bard is, in monumint komme soe.

Op ’e Krúspuntdei fan 2017 makken de dielnimmers in koarte kuier oer it saneamde Hartwerter kleasterrûntsje. Dêrby waard ek wer it plak fan it Aldekleaster oandien, en kaam by de neisit yn it doarpshûs op ’en nij it idee fan in monumint op it aljemint. Dat idee waard oppikt troch in tal Hartwerters, en dy besleaten der wurk fan te meitsjen. Sa ûntstie de stifting Monumint Aldekleaster, en lang om let is it dy stifting slagge it monumint te ferwêzenlikjen.

Foarsitter Pyt Jaarsma (foto: Stifting Monumint Aldekleaster 2023)

It monumint bestiet út in lyts muorke fan autentike âlde friezen dy’t noch út it kleaster komme – mei tank oan Nijkleaster, dy’t se al krige hie – mei in finster dêr’t presys troch útsjoen wurdt op it plak dêr’t it kleaster net mear is. Ynformaasjebuorden jouwe in prachtige yndruk hoe grut en bysûnder oft it kompleks yn syn gloarjetiid wol net west hat. It monumint waard ûntbleate troch Hans Mol, mjirkes heechlearaar yn ’e skiednis fan ’e Fryske lannen mei help fan foarsitter Pyt Jaarsma. It monumint waard ludyk ynseinige troch Titus Hettinga yn ’e rol fan abt.

Foto: Stifting Monumint Aldekleaster 2023

It monumint leit in eintsje it lân yn (oer in betonpaad) fan ’e Kleasterdyk ôf, dy’t rint tusken Hartwert en de Kliuw. By dizze gelegenheid is der ek in lyts boekje útjûn oer de skiednis fan it Aldekleaster, dat tsjin kostpriis te bestellen is by Liuwe Westra: liuwe.westra@mensa.nl / 06-30837586.

Mear oer it monumint is te finen op ’e webside www.hartwerd.com/stifting-monumint-aldekleaster. Op 26 augustus is der in kleasterrûntsje dat by it monumint delkomt: mear ynformaasje dêroer is te krijen fia g.s.groeneveld@ziggo.nl.

Foto: Stifting Monumint Aldekleaster 2023

juny 13, 2023 08:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.