Henk de Jong docht syn ferhaal yn de Sportcast

juny 18, 2023 08:23 Fernijd

It is goed twa en in heale moanne lyn dat Henk de Jong syn holle iepenhelle waard foar in riskante operaasje. Foar it earst nei de yngreep docht de 58-jierrige Drachtster syn ferhaal. De klute yn ’e holle is der net hielendal út. Op syn eigen oanstean is it middelste part derút knipt. “De sydkanten flutterje noch wat, sil ik mar sizze. Dy binne mei de senuwen fergroeid”, fertelt De Jong yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.

Henk de Jong (foto: ©Orange Pictures)

Henk de Jong
De operaasje fan ein maart yn it sikehûs yn Nijmegen gie goed. Mar doe’t De Jong wer thúskaam, krige er lêst mei de holle. It wie sa slim dat de ambulânse him wer nei Nijmegen brocht. Dêr knapte er op en stapke foar stapke gie er foarút. Oant en mei de dei fan hjoed. It entûsjasme is werom by De Jong, dy’t him nei eigen sizzen ‘top’ fielt. Dat wie yn de earste moannen fan it jier wol oars. “Ik koe neat mear. Yn it lêst foar de operaasje slepte ik deis 20 fan de 24 oeren. Ik hie gjin libben mear, want ik koe ek gjin prikels ferneare. Ast op in panne sloechst by it iten sieden, hie ik al lêst.”

Henk de Jong hat syn libben werom
Dat De Jong gjin libben mear hie, makke ek dat er de riskante operaasje oandoarde. Want it wie beslist net sûnder risiko’s. “Kinst ek deagean. It is wol hiel raar wat ik sis, mar ik tocht: net seure, ik moat my deljaan en leauwe yn de dokters. En dan sjoch ik it wol”, seit de man, dy’t noch altyd ûnder kontrakt by Cambuur stiet.

It hiele ferhaal fan Henk de Jong is moandei te sjen en te beharkjen yn de Sportcast fan Omrop Fryslân. It programma stiet middeis online, is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Moandeitejûn om healweis achten is it programma op telefyzje.

Foto: Omrop Fryslân

It libben laket him wer ta. Hûndert prosint fit is De Jong noch net, mar hy wurket der nei ta om dat wol wer te wurden. It wichtichste is dat de wille yn it libben werom is. “Ik bin gewoan wer normaal. Ik kin hjir gewoan sitte, kin oeral wer hinne en hoech net mear hieltyd op bêd.” De tiid dat er tweintich oeren deis op bêd lei, is foarby. “Moarns om kertier oer seizen kom ik derôf en dan haw ik itselde sin as jûns om tsien oere. Ik ha de ôfrûne tiid oerdeis gjin ien kear mear slept”, glimket De Jong.

juny 18, 2023 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.