Helte fan eigeners stelt ûnderhâld fan wenning út

juny 28, 2023 08:22

Fan it ferfangen fan kitnaden yn ’e baaikeamer oant it fervjen fan houten kezinen: goed trije fearn fan de húseigeners wit krekt hokker ûnderhâld oan harren wente nedich is. Dochs stelt de helte it ûnderhâld út, wylst de gefolgen grut wêze kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan MeMo2 yn opdracht fan Centraal Beheer ûnder Nederlânske wenningeigeners.

Foto: pixabay.com

Ut it ûndersyk docht bliken dat foaral it ûnderhâld fan gevels (43%) en dakken (23%) útsteld wurdt. In flinke stoarm of stjalprein kin lykwols grutte lekkaazje feroarsaakje as de dakpannen net goed oanslute, de dakgoate ferstoppe is of de foegen fan de gevel poreus binne. Foaral lekkaazje kin flinke kosten meibringe.

Oprinnende kosten rem op ûnderhâld en ferduorsumjen
Oprinnende kosten binne yn 40% fan de gefallen de reden foar útstel fan ûnderhâld. Ut earder ûndersyk fan Centraal Beheer bliek dat ek in drompel foar ferduorsumjen te wêzen.

Nederlanners binne selsdoggers
Nederlanners blike foar in protte wenningûnderhâld echte selsdoggers te wêzen. Sa ûnderhâldt 60% fan de wenningeigeners sels de dakgoate. Kitwurk ferfange yn ’e baaikeamer (57%) en houtwurk fervje (51%) dogge se sels. Lestigere karweien wurde minder sels dien, lykas dakûnderhâld (26%), skoarstienfeie (20%) en it kontrolearjen fan de cv-tsjettel (7%). Dat litte in protte leaver oan fakminsken oer.
Mear ynformaasje en tips binne hjir te finen.

Undersyksmetoade
Yn gearwurking mei ûnôfhinklik ûndersyksburo MeMo2 hat Centraal Beheer in enkête oer wenningûnderhâld ferspraat ûnder 766 wenningeigeners fan achttjin jier en âlder, dy’t net lid binne fan in Feriening fan Eigeners.

juny 28, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.