Gesachsdragers Bonaire, St. Eustatius en Saba bringe wurkbesite oan Skiermûntseach
Resint ferskynd
Op tongersdei 15 juny en freed 16 juny bringe gesachhawwers, deputearren en riedsleden fan de eilannen Bonaire, St. Eustatius en Saba in wurkbesite oan Skiermûntseach en it provinsjehûs yn Ljouwert. De moeting stiet yn it teken fan it befoarderjen fan de kontakten ûnderinoar en mooglike gearwurking tusken de Waadeilannen en de eilannen yn Karibysk Nederlân. It is foar it earst dat sa’n besite ôflein wurdt.

Foto: Wikimedia Commons/Magnus Manske- spectrephoto – CC BY-SA 2.0
De gasten wurde bypraat troch boargemasters en wethâlders fan de Waadeilannen. By de besite binne ek fertsjintwurdigers fan de ministearjes fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, Ekonomyske Saken, Ynfrastruktuer en Wettersteat en de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân oansletten. It totaal tal dielnimmers komt dêrmei op sa’n fyftich persoanen.
Op de earste dei komt it selskip yn ’e kunde mei de Waadeilannen en wurde ferskate ynstellingen en inisjativen op Skiermûntseach besite. Underweis fan Lauwerseach nei it eilân wurdt oan board oer de berikberens praat. De offisjele ûntfangst is op it gemeentehûs. Fierder giet it nei it strân, dêr’t in petear oer duorsumens, klimaat en dúnfersterking fierd wurdt, de brânwachtkazerne en de ambulânsepost, dêr’t it oer iepenbiere oarder en feiligens en krisisbehearsking giet. Der is ek in kuier by lokale ûndernimmers lâns en der wurdt in besite oan it doarpshûs brocht, dêr’t it oer leefberens, toerisme, wenjen en wurkjen op it eilân gean sil.
Op de twadde dei giet it selskip nei Ljouwert foar in petear yn de Steateseal op it provinsjehûs mei de kommissarissen fan de Kening Brok fan Fryslân en Van Dijk fan Noard-Hollân en de deputearren frou Poepjes en frou Fokkens. It giet dan spesifyk oer de rol fan provinsjes as middenbestjoer en it provinsjaal belied oangeande de Waadeilannen. Der wurdt ek praat oer de Regiodeal, klimaat, duorsumens en it taalbelied, spesifyk de oerienkomsten tusken it Frysk en it Papiamintsk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje