Gearwurkingsoerienkomst dyk- en dúnfersterking Skiermûntseach ûndertekene

juny 4, 2023 08:22

Op de stjoergroepgearkomste fan tongersdei 1 juny ûndertekenen Vereniging Boerenbelang Schiermonnikoog, Natuermonuminten, Rykswettersteat, Vitens, gemeente Skiermûntseach, Wetterskip Fryslân en Provinsje Fryslân in gearwurkingsoerienkomst. Dêr binne ôfspraken en ferantwurdlikheden yn fêstlein foar de ferkenningsfaze fan de oanpak fan dyk- en dúnfersterking op Skiermûntseach. Oerlisorgaan Nasjonaal Park Skiermûntseach stipet de gearwurkingsoerienkomst.

Foto: Provinsje Fryslân

Ut it lanlike heechwetterbeskermingsprogramma (HWBP) wei sil Wetterskip Fryslân mei de dyk- en dúnfersterking op Skiermûntseach oan ’e slach. Yn de foarferkenning die bliken dat der in soad opjeften byinoar komme. De gemeente Skiermûntseach en Wetterskip Fryslân hawwe de provinsje Fryslân frege om de dyk- en dúnfersterking op it gebiet rjochte oan te pakken en dêryn in regyrol te ferfoljen. Dat bestiet út fasilitearjen en oanjeien. Troch de opjeften mei-inoar oan te pakken kin der effisjinter en duorsum wurke wurde. “Yn oparbeidzjen mei de eilanners kânsen en opjeften foar ûnder oaren natuer, lânbou, rekreaasje en drinkwetterwinning mei-inoar ferbine”, ljochtet deputearre Avine Fokkens-Kelder ta.

Skiermûntseach (boarne: Wikipedy/Patlo (eigen wurk) – CC BY-SA 3.0

Presintaasje kânsrike alternativen op 7 juny
Op in ynformaasjegearkomste op woansdei 7 juny oansteande wurde de kânsrike alternativen foar it fersterkjen fan de dyk en dunen presintearre. Dy alternativen litte sjen op hokker wizen de dyk en dunen fersterke wurde kinne. Eilânbewenners en oaren dy’t der belangstelling foar hawwe wurde krije dan de gelegenheid om reaksjes te jaan en fragen te stellen. Dêrneist kinne der winsken en ideeën oandroegen wurde, sadat de alternativen oanfolle en bysteld wurde kinne.

1EILAUN
De oanpak dyk- en dúnfersterking Skiermûntseach giet fierder ûnder de namme 1EILAUN. Under dy neamer wurkje eilanners, oerheden en (eilanner) organisaasjes de kommende jierren oan it fersterkjen fan de dyk en dielen fan de dunen. Sa wurdt it eilân ek yn de takomst goed beskerme tsjin heech wetter. In dyk- en dúnfersterking op it eilân taret, yn nauwe ferbining mei elkenien dy’t der wennet, wurket en ûndernimt. As ien team belangen byinoar bringe en sykje nei ynnovative en duorsume oplossingen, mei each foar ûnder oaren natuer, lânbou, drinkwetterwinning en rekreaasje.

juny 4, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.