Nijjiersrevu De Jouwer: Juny, de earste kear

juny 21, 2023 09:30

Bloch

Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (6)

Ofrûne wike wie it safier: de earste gearkomste foar de 36e Nijjiersrevu. Foar dy gelegenheid wurdt elkenien dy’t belutsen is by de revu útnûge: rezjy, spilers, muzikanten, dekôrbouwers, skriuwers, bestjoersleden, schminksters, lûd- en ljochtmeiwurkers, klaaisters en gean sa mar troch. It is altyd wer moai om inoar nei sa’n skoft tiid wer te sjen.

Foto’s: Revuploech De Jouwer

Guon minsken sjogge inoar alle moannen wol in kear: yn ’e kroech, op ’e lêste tiisdei fan ‘e moanne – ôfkoarte LTfeM – sa njonkelytsen in begryp yn ús revumienskip. Dy jûn is jierren lyn yn it libben roppen om it gat tusken de lêste foarstelling en de earste repetysje op te foljen. En, earlik is earlik, op sa’n jûn wurde faak de bêste ideeën foar sketskes en lieten berne.

Mar no werom nei de earste tiisdei yn juny: de earste gearkomste foar de 36e Nijjiersrevu. Plakferfangend foarsitter Jan Brinksma iepene de jûn en hiet elkenien wolkom. Spesjaal wolkom foar de nije spilers en ús nije muzikaal lieder Omar Bakker. Hja makken fuortdaliks fan de gelegenheid gebrûk om wat oer harren sels te fertellen. Dêrnei krige elke ôfdieling it wurd om de ploech witte te litten wat der allegearre al oan tarieding dien is. In wurdfierder fan de skriuwers die út de doeken wat der globaal oan sketskes en lietteksten skreaun is. Fansels bliuwt dêr romte yn foar aktuele saken, want dat is wat de Nijjiersrevu ek tekenet: aktualiteit yn en om ’e Jouwer.

Bestjoerder Tea fertelde koart oer ús húsfêsting yn ’e Miks. Dêr hat in lytse ferbouwing west. De grutte seal meie wy noch hieltyd as oefenromte brûke. Wêr’t elkenien miskien noch wol it nijsgjirrichst nei wie, wie it ferhaal fan Anneke, ús regisseur. Wat binne har plannen foar de kommende revu? Wat wurdt dêrby fan de spilers en muzikanten ferwachte? Steane de dekôrbouwers wer foar grutte útdagingen? Wat wurdt der fan de technyske jonges frege? Hoe kinne de froulju fan de klaaiïng en de grime har útlibje? De rolferdieling stiet noch net alhiel fêst. Dêr bûcht Anneke har yn de simmerfakânsje fierder oer. En ek dan is it noch net yn beton getten. Elk mantsje of wyfke op it goede plak, dat is it wichtichste. De spilers en muzikanten hawwe húswurk krige: yn de fakânsje dy’t foar ús leit it skript trochnimme.

Nei in twadde bakje kofje of tee mochten we al efkes oan de 36e Nijjiersrevu priuwe. Anneke hie in pear oefeningen taret dêr’t we ús mei ynlibje koene. Hilarysk! Omar gie doe mei ús oan ’e slach mei it iepenings- en slotliet. Geweldich dat ek de manlju dy’t gewoanwei efter de knoppen sitte, ek meisongen. En… it klonk al hiel moai! Omar bliid, Anneke bliid, wy bliid. Miskien is der ek wol in roltsje foar harren weilein?

Folkeline Papjes, juny 2023

Besjoch in filmke út de âlde doaze:

juny 21, 2023 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.