Finalisten jubilearjend SjONG bekend

juny 1, 2023 08:19

De finalisten fan SjONG, it twajierlikse Fryske sjongfestival foar 12-18-jierrigen, binne bekend. Sjueryleden Raynaud Ritsma en Janneke Brakels hawwe seis kandidaten útsocht dy’t nei de audysjes trochmeie nei de finale yn Neushoorn op sneon 17 juny 2023. SjONG wurdt dit jier foar de tsiende kear holden.

Boarne: Cedin

Troch nei de finale binne:

  1. Elin Schouten (14) fan Sevenwolden KiiM út It Hearrenfean mei it nûmer ‘Snappe’ (orizjineel: ‘Snap’ fan Rosa Linn)
  2. Aline Westerhof (14) fan Liudger Burgum út Eastermar mei it nûmer ‘Ik gean op wei’ (orizjineel: ‘Slipping through my fingers’ fan Mamma Mia)
  3. Meike Swart (15) fan Bogerman Snits út Snits mei it nûmer ‘Fjochtsje foar hjoed’ (orizjineel: ‘How I’m feeling now’ fan Lewis Capaldi)
  4. Jessica Otten (17) fan Friese Poort Snits út Wytmarsum mei it nûmer ‘It komt wol goed’ (orizjineel: ‘Papa Mama’ fan Danique)
  5. Mare Herrema (16), Rian Rijpkema (17) en Jørgen Bruinsma (18) fan Singelland Drachtster Lyceum en Matrix College út Drachten mei it nûmer ‘Leaf, gean no net fuort’ (orizjineel: ‘Laat me niet alleen’ fan Jacques Brel)
  6. Dani Jellesma (16) fan Bogerman Snits út Sint-Nyk mei it nûmer ‘Eltsenien’ (orizjineel: ‘Anyone’ fan Demi Lovato)

Tsiende edysje
Dizze edysje fan SjONG is de tsiende en dêrom beklimme yn de finale ek in stik of wat âld-winners nochris it SjONG-poadium. Sa sjongt Suzanne Pleiter bygelyks noch ien kear har winnende SjONG-nûmer. Sy wûn it evenemint yn 2013 en is no profesjoneel musicalaktrise. Yn oktober stiet se yn it teäter mei Pretpakhuis, in komeedzje ûnder rezjy fan Jon van Eerd. Ek ien fan de lêste SjONG-winners Rowan Veltman treedt op. Hy wûn yn 2021 en die yn 2022 mei syn SjONG-nûmer audysje by Holland’s Got Talent en helle dêr de finale. Undertusken spilet er yn GTST. SjONG fiert it jubileum mei noch mear âld-winners, sadat de finale ek in feestje wurdt fan winners troch de jierren hinne.

Wat is SjONG?
SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongelju fan 12 oant en mei 18 jier, it wurdt ien kear yn de twa jier organisearre. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops en dogge audysje. Se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. De bêste optredens geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se mei foar de tekstpriis. Doel fan SjONG is om jongelju te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.

juny 1, 2023 08:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.