Feie Fonyk: Bern binne net oars

juny 1, 2023 12:00

Kollum

Der binne minsken dy’t tinke dat de bern fan tsjintwurdich oars binne as dy fan fyftich jier lyn. Dat kin net wier wêze.

Geiten binne tûker as skiep, hûnen binne tûker as katten en bargen binne tûker as kij. It is net maklik om te bepalen wa’t tûker is. Wat my op baktearjes en firussen bringt. Dy binne tige tûk. Tûk om te oerlibjen en der binne falske kringen by, dy’t yn sikehuzen somtiden amper te bestriden binne.

Wittenskippers hawwe ûntdutsen dat guon baktearjes har nei fiifensantich generaasjes folslein oanpasse kinne oan in nije situaasje en dêrnei sûnder problemen oerlibje kinne yn in ynearsten fijannige omjouwing. Ik tink dat fiifensantich generaasjes net lang binne foar in baktearje. Oanpassing oan in nije omjouwing kostet tiid. Dat is dúdlik. Dat jildt net allinnich foar baktearjes. Feroaringen yn planten, bisten en minsken geane folle stadiger. Sa komt it dat de âlde Egyptners fan in pear tûzen jier lyn net in soad fan ús ferskilden. Se hiene deselde begearten, soargen, sykten en kwalen.

Ik prate koartlyn mei in juf dy’t lang yn it ûnderwiis wurke hat. Neffens har wiene de learlingen sa oars as foarhinne. Se koene har minder konsintrearje, hiene minder trochsettingsfermogen, waarden maklik ôflaat troch alderhande ûnsinnige dingen. It wiene oare bern. Ik leau der neat fan. Wis, yn ferliking mei fjirtich jier lyn, binne der mear ôfliedingen. Doe koest de dei net om krije mei de mobyl, kompjûterspultsjes of telefyzje sjen, om mar in pear fan de ferliedingen fan hjoed te neamen.

Dochs leau ik net dat de bern fan no oars binne as de bern en learlingen fan hûndert jier lyn. Sa hurd giet it net yn de evolúsje. De útdagingen foar it ûnderwiis binne no oars as eartiids. Hoe moatte jo omgean mei al dy ferliedingen, hoe hâlde jo de bern by de les. En foar de âlden: hoe hâldst dyn bern op it goede spoar? Dat freget om oanpak. Mar binne de bern feroare? Nee, dat duorret op syn minst fiifensantich generaasjes.

 

juny 1, 2023 12:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.