Fear yn ’e Broek foar Hindrik van der Meer
Resint ferskynd
De Ried fan de Fryske Beweging kent syn jierlikse priis Fear yn ’e Broek dit jier ta oan Hindrik van der Meer te Jorwert. De útrikking dêrfan is steld op 3 july.

Hindrik van der Meer (foto Tresoar)
Van der Meer (berne 4 july 1938), dy’t fan hûs út ûnderwizer wie en him letter as musikus spesjalisearre hat, set him al sûnt de fyftiger jierren op alderhande mêd foar it Frysk yn, benammen as it om de kombinaasje fan taal en muzyk giet, almeast foar ûnderwiis en tsjerke. Hy hat ûnder mear in protte teksten en meldijen foar bernelieten skreaun. Dy waarden troch syn húshâlding foar Omrop Fryslân útfierd en yn bondels lykas Kwek kwek minemyn en Hup sûpen grottenbrij útjûn. Hy hat ek in soad teksten fan de dichters Eppie Dam, Folkert Verbeek en Jeltsje Gerbrandy op muzyk set. Dat late ta in grutte rige sjongstikken en musicals, lykas as Jona, Joazef en Ruth en sjongboeken dêr’t in protte fan syn wurk yn opnommen is.
Ferneamd wie syn sjonggroep Auke Raukes, dy’t ûnder syn lieding in grut ferskaat oan folksaardige lieten en sjongstikken op syn repertoire hie en ek op cd opnommen hat. Mei besteande en nij komponearre muzyk by teksten fan in ûnwittend soar Fryske dichters waarden Fryske kulturele pearels foar in protte minsken tagonklik makke. Dat barde ek op de Fryske Folkshegeskoalle op Skylge yn de sjongwykeinen dêr’t Van der Meer jierren de sjonglieder fan wie. In soad fan syn materiaal is foar koaren en sjonggroepen beskikber kommen mei syn lêste sammelbondel Kom & Sjong dy’t koartlyn presintearre is.
Mei it each op de treflike wize wêrop’t Van der Meer bydroegen hat oan de befoardering fan it Frysk hat de Ried fan de Fryske Beweging besletten om syn heechste ûnderskieding, de Fear yn ’e Broek, yn 2023 oan him út te rikken.
Dy priis wurdt yn prinsipe jierliks útrikt oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje of makke hawwe foar de Fryske taal en kultuer. De Fear bestiet út in hânmjittich ynkleure linofyk fan byldzjend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje