Elon Musk en Mark Zuckerberg daagje inoar út foar koaigefjocht

juny 25, 2023 08:23 Fernijd

Mark Zuckerberg (foto: Wikimedia Commons/JD Lasica – CC BY-SA 2.0)

Oft it barre sil, is noch net wis mar der wurdt al drok oer praat op sosjale media: in koaigefjocht tusken miljardêrs Elon Musk en Mark Zuckerberg, eigners fan konkurrearjende sosjale media.

It liket allegearre begûn te wêzen mei in idee fan Zuckerberg, dy’t njonken Facebook, Instagram en WhatsApp ek in alternatyf foar Twitter opsette wol. Webside The Verge wist de hân te lizzen op in ôfbylding dêr’t in app op te sjen is, dy’t nei alle gedachten Threads hjitte sil, en op it each in protte oerienkomsten mei Twitter hat. It is de bedoeling dat de mear as twa miljard Instagram-brûkers mei harren akkount direkt tagong ta dat nije platfoarm krije. Dan hat Twitter der ynienen in tige grutte konkurrint by.

Elon Musk (foto: Wikipedia/NORAD and USNORTHCOM Public Affairs – publyk domein)

“Wy hearre fan kreative gearstallers en publike figueren dat se ynteressearre binne yn in platfoarm dat ferstannich beheard wurdt en dat se fertrouwe kinne”, sei Meta’s heechste produktbaas, Chris Cox, neffens The Verge op in gearkomste mei meiwurkers. Elon Musk reagearre rillegau op it nijs dat Meta oan dat Twitter-alternatyf wurket: “Ik bin wis dat de ierde net wachtsje kin om eksklusyf ûnder Zuck syn tomme holden te wurden sûnder oare opsjes.” Dêrop reagearre in Twitterer út ’e gek dat Musk útsjen moat, om’t Zuckerberg tsjintwurdich oan jiujitsu docht, in Japanske fjochtsport. “Ik bin wol yn foar in koaigefjocht as hy dat ek is, lol”, reagearre Musk.

It hie by in grapke bliuwe kinnen, mar Zuckerberg reagearre fia Instagram mei de wurden: “Stjoer my de lokaasje.” The Verge kontrolearre oft it in grapke wie en krige te hearren dat Zuckerberg yndied ree is om oan in koaigefjocht mei te dwaan. Musk seit ek ree ta it gefjocht te wêzen. Nei publikaasje fan it artikel fan The Verge reagearre Musk mei de wurden: “Vegas Octagon”, in ferwizing nei de bekende kasinostêd en in fjochtring.

Elon Musk is mei 1,88 meter mar leafst santjin sintimeter langer as Mark Zuckerberg (1,71 meter). Dêr stiet foaroer dat Zuckerberg as in fjochtsporter bekend stiet. Foarige moanne dielde er op Instagram dat er by in toernoai sels medaljes wûn hat. Musk seit boppedat dat er “hast nea sport, útsein as ik myn bern oppak en yn ’e loft goai”.

Boarne: Instagram

juny 25, 2023 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.