Eksposysje ‘Van alles Wad’ yn Ferwert

juny 6, 2023 08:16

Fan 10 juny o/m 26 augustus 2023: Bella Hendriksen (skulptueren, keunst op glês) & Bob de Boer (fotografy) yn De Nieuwe Smederij Ferwert.

Wurk fan ©Bella Hendriksen

Op sneon 10 juny oankommende wurdt in nije duo-eksposysje iepene yn galery De Nieuwe Smederij yn Ferwert mei wurken fan Bella Hendriksen en Bob de Boer. Beide eksposanten binne ynspirearre troch ûnder oaren de ferskillende kustgebieten yn Nederlân en Europa en litte dat graach op harren eigen wize sjen.

Foar Bella Hendriksen is ûnder oaren it Waad in boarne fan ynspiraasje en ûnderfiningen. Dat kinne de prachtige fiergesichten wêzen, mar ek stiennen, skulpen en deade fûgels. Op har eigen wize bringt se dy wer ta libben. Mar hja is as byldzjend keunstner mearsidich en ek dwaande mei oare keunstfoarmen: ramtobjekten, skilderijen, romtlike wurken (brûns en gips) en glêsobjekten.

Bob de Boer beoefenet neist de muzyk al jierrenlang in oare passy: de fotografy. Syn ûnderwerpen rinne útinoar: keunst, portretten, natuer, pop en de saneamde urban fotografy. De sammele wurken op de eksposysje binne útfergrutte ôfbylde op ûnder oaren boarstele aluminium, wat in bysûndere yndruk en werjefte jout fanwegen it ljocht dat op de foto’s falt en wjerspegele wurdt. Hy brûkt nea keunstljocht, mar tsjoent mei it besteande. Yn Koarnjum hat er al jierrenlang in suksesfol húskeamerteäter ûnder de neamer Concerts & More @ De Wier.

Foto: ©Bob de Boer Photography

De duo-eksposysje Van alles Wad wurdt iepene op sneontemiddei 10 juny om 13.30 oere. De ynrin is om 13.00 oere, nigethawwers binne fan herten wolkom.

Adres
De Nieuwe Smederij, Gasthússtrjitte 3, 9172 NZ te Ferwert.

Boarne: ©Bob de Boer Produkties

juny 6, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.