Dútser makket eigen oerwei, treinferkear stillein
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
Yn it noardeasten fan Dútslân hat in man op eigen manneboet in spoarwei-oergong oanlein. Hy die dat by in frachtspoarline efter syn hûs yn Blankenberg, yn ’e buert fan Rostock. De plysje sprekt fan in gefaarlike situaasje en hat it treinferkear stillein.

Foto: Bundespolizeiinspektion Rostock
De man soe in pear wykeinen oan de oerwei wurke hawwe. Hy lei betonplaten en grint tusken de rails en helle in stekje en ferbodsbuorden fuort. Dêr kaam in warskôgingsboerd foar yn it plak mei de tekst: ‘Tink derom by it oerstekken’.
Tsjin de plysje ferklearre de man dat er de oerwei as frijwilliger fernijd hie. Spoarbedriuw Deutsche Bahn, dat it trajekt beheart, seit just dat op dat plak nea in oerwei west hat en dat der ek gjin fergunning foar ôfjûn is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje