Doede Wiersma: Foppe de Haan oer Kaïn en Abel

juny 18, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn it prachtige boek fan Eppie Dam oer Foppe de Haan, trainer fan ’e fuotbalklup fan It Hearrenfean, lês ik: “Okkerdeis ha ik Het verhaal gaat fan Nico ter Linden oantúgd. Dy ferhalen út it âlde Testamint fyn ik weareldferhalen. Kaïn en Abel, dêr sit alles yn.”

Foppe giet net nei tsjerke, mar ik soe stomme graach wolle dat alle tsjerkegongers sa tsjin de Bibel oan seagen as hy. Kaïn en Abel binne net fan lang, lang lyn, mar fan alle tiden. Sa giet it no ivich en altyd mei minsken. Hieltyd wer tinke se dat oaren neat wurdich binne. Kaïn komt mei in ‘Tsjakka!” ús wrâld yn. Hy is berne om te winnen, om de dingen nei syn hân te setten. Abel begjint as stumper, hy bongelet der wat by. Hy is, sa’t syn namme seit, flut, licht as de lucht.

Al fan syn basisskoalle ôf wit Kaïn dat God in swak hat foar de stumpers: Hy kiest foar de swakke dy’t op ierde gjin helper hat.
Kaïn wurdt jaloersk. Duvelsk is er dat God omsjocht nei Abel en him net stean sjocht. Is dat de wroeging fan elk dy’t fielt dat jild en macht net lokkich meitsje? Kaïn wit út syn opfieding dat er it kweade yn him de baas kin (Genesis 4:7), mar hy lit him folrinne mei lilkens. Hy lokket Abel en slacht him dea. Kaïn hat in broer, mar Kaïn sels is gjin broer.

It bloed fan Abel ropt ek hjoed ta ús gewisse;
dy’t dêr oerhinne sjongt, bedriuwt ek Kaïns kwea. (Liet 272:3)

De kearn fan it ferhaal is de fraach: “Wêr is dyn broer?” God stelt dy fraach oan alle ‘Kaïns’. Hy wol dat de minske hoeder is fan meiminsken dy’t swak steane.

It bloed fan elk ûnskuldich slachtoffer skreaut ta God. Dy skreau moat alle sneinen yn it kyriëgebed stim krije.
Foppe hat gelyk: it binne ‘weareld’-ferhalen! Ommers:

Twa bruorren libje neist elkoar
de ien hjit Kaïn, Abel de oar
en ik bin ien fan beide (Fedde Schurer).

Lêze: Genesis 4:1-10

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
juny 18, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.