Dielnimmers socht foar ferkennen kuier- en fytsrûte by de Waadkust del

juny 16, 2023 08:22

Grinzer tsjerken, Stichting Alde Fryske Tsjerken en Visit Wadden binne op ’e siik nei 150 entûsjaste dielnimmers dy’t mei harren in unike kuier- en fytsrûte yn it Waadkustgebiet ferkenne wolle. Dat kin yn septimber en oktober 2023 alle wiken op tongersdeis, freeds, sneons en sneins.

Tsjerke Hornhuizen (foto: Visit Wadden)

Dielnimmers krije as ien fan de earsten de kâns om de rûte, dy’t it Ziltepad hjit, te foet of mei de fyts te ûntdekken. Dêrmei leverje se in bydrage oan de ûntwikkeling fan de rûte dy’t it religieus erfgoed mei it Waadkustgebiet ferbynt.

It Ziltepad rint fan Eastrum fia Lauwerseach en Vierhuizen nei Hornhuizen (of oarsom). De proefrûte bestiet út trije etappes mei in trochsneed lingte fan santjin kilometer. De kuierders en fytsers wurde meinommen by ûnoantaaste natuer, autentike doarpen en histoaryske tsjerken lâns. Dielnimmers komme ûnderweis yn ’e kunde mei de ferhalen fan it lânskip en ûnderfine de symbioaze fan natuer en kultuerhistoarje.

Ferdwale is ûnmooglik. Gids Fokko Bosker wiist it paad mei help fan in detaillearre kuier- en fytsgids dêr’t ek tips en ynformaasje oer it gebiet yn opnommen binne. Underweis priuwe dielnimmers lokale produkten en ûnderfine se de gastfrijheid fan de doarpsbewenners. Oernachtsje kin yn smûke hotels en b&b’s, by doarpsbewenners thús, of yn ien fan de tsjerken, as in unike pylgerûnderfining.

Pioniersrûte by markante tsjerken del
De pioniersrûte fiert by de markante tsjerken fan Eastrum, Vierhuizen en Hornhuizen del. De tsjerken binne nau mei it ferhaal en de skiednis fan it Waad ferbûn. As beakens fan rêst en werkenning tsjinnen se ea as oriïntaasjepunten foar skippers en beskermen se de doarpelingen tsjin it waaksende wetter. De tsjerken foarmen it hert fan de doarpen en binne in essinsjeel ûnderdiel fan de identiteit fan de bewenners. Alle tsjerken fertelle harren eigen ferhaal en herbergje iuwenâlde skatten, fariearjend fan ferwulften mei moaie foarmen oant oargels en tsjerkebanken. Yn en om de tsjerken wurde aktiviteiten organisearre om de tocht te ferrykjen en te ferdjipjen. Dêrby kin tocht wurde oan yoga, mindfulness en aktiviteiten dy’t mei it lânskip ferbûn binne.

Inisjatyfnimmers Grinzer tsjerken en Stichting Alde Fryske Tsjerken
It Sâltepaad is in inisjatyf fan de Grinzer tsjerken en Stichting Alde Fryske Tsjerken en spilet yn op bewustwurding en besinningstoerisme. It is de bedoeling om de rûte yn 2024 fierder te ûntwikkeljen, sadat in folslein paad by it religieus erfgoed oan de Waadkust lâns ûntstiet. De marketing fan it Sâltepaad is yn hannen fan Visit Wadden.

Oanmelde
Mear ynformaasje fine en oanmelde foar de proef kin op: www.visitwadden.nl/ziltepad.

juny 16, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.