Briefkje (68): “De taal past himsels wol oan”

juny 6, 2023 08:01

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief.

Bêste Jan,

in protte wurden einigje op -man, skreaust ferline wike. Dêr wol ik efkes op ynheakje. Man en frou binne yn ’e taal net lykweardich, al soe dat yn prinsipe bêst kinne. Nim buorman en buorfrou, dat binne beide buorlju. Mei keaplju wurdt it al oars; der wurdt hiel ferskillend oansjoen tsjin keapman en keapfrou (ik sjoch sels de term keapwyfke). Moat soks oanpast wurde? Do joechst it foarbyld fan Sanne: in folksman of in folksfrou? Dêr wurdt net itselde mei bedoeld! Dat hat in histoaryske eftergrûn. Der binne hiel wat grappige foarbylden (grappich foar wa’t derom gnize kin, want humor feroaret ek) út it ferline te finen.
In kreamheinster waard (wurdt) ek wol froedfrou neamd, mar in kreamheinder haw ik nea fan heard. It wurd froedman bestiet net, mar wol froedsman; dat wie in lid fan de froedskip, it stedsbestjoer fan in iuwmannich ferlyn. Froedsfroulju hawwe der nea west, safier’t ik it wit. De taken wienen wat mear ferdield: manlju kamen om by gefaarlik wurk, op see of op it slachfjild. Haw ik it goed as ik sis dat widdo in faker brûkt wurd is as widner? Weduwnaar liket ôflaat te wêzen fan weduwe, widower fan widow en Witwer fan Witwe, oan de Frânske wurden (la veuve, le veuf) kin ik it net sjen. Se hawwe der yn it Frysk blykber mei oan west om in manlike foarm foar widdo (widdofrou) te finen, want njonken it nuvere wurd widner is der ek widdoman (net widnerman dus).
It soe de muoite wurdich wêze en sykje ris út hoe’t bygelyks froulike útgongen, lykas -ster, -in(ne), -es(se) oer de taak- en beropsoantsjuttingen ferdield binne. In sinfolle opdracht foar studinten en oare nigethawwers oan it Frysk, mar miskien hat ien as Jarich Hoekstra dat al lang dien. Of Douwe Tamminga, mar dat wit dan net ien mear. Ik wit ûnderwilens dat Henk Wolf mei dat soarte fan ûndersyk dwaande is. Dy hat der yn tydskriften oer publisearre en ik hoopje der meikoarten mear oer te lêzen.
Der mealt my noch wat oars yn ’e holle om, dat ik hjir graach kwyt wol. Dat giet net allinnich om taal, mar is folle breder. Feroaringen oer in lange tiid, soms beseffe wy dy pas letter. Klimaatferoaring bygelyks, it tanimmen fan de (wrâld)befolking, maatskiplike en technyske feroaringen. Dy ferrinne soms sa stadich dat der generaasjes oerhinne geane. Mar eltse generaasje giet út fan de situaasje dêr’t er yn libbet en mei opgroeit. As der mear auto’s komme, mear fersmoarging, de temperatuer en de seespegel heger wurde, dan moatte der maatregels nommen wurde en eltse generaasje giet út fan de omstannichheden sa’t dy op dat stuit binne. De aktuele situaasje is hieltyd wer it útgongspunt, wylst yn de perioade dêrfóár tocht waard dat it dochs net gekker wurde moast. Dat oanpassen oan in hieltyd opskowende begjinsituaasje is in wurd foar: ‘baseline-syndroom’ ûntduts ik en de Hollânske wjergader soe wêze: ‘afglijdingsgewenning’. In útdaging om dat ris yn goed Frysk oer te setten. Wat goed Frysk is hat lykwols ek mei dat syndroom te krijen. De jonge generaasje sil faaks ‘nerges mei sitte’ en tinke ‘dat it wol goed kommen giet’. Dy sil him (op ’e nij) oanpasse en dat docht de taal dan ek wol.
Men soe der suver synysk fan wurde, nim my net kwea ôf.

Mei freonlike groetnis,

Ed

juny 6, 2023 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.