Dani Jellesma wint jubilearjend SjONG

juny 20, 2023 08:22

“Dani rekke ús rjocht yn it hert.” Sa oardiele sjuerylid Rowan Veltman sneon oer ‘Eltsenien’, it winnende nûmer fan SjONG 2023, útfierd troch Dani Jellesma út Sint-Nyk. De priis foar bêste sjongtekst gie nei Meike Swart (Snits) mei ‘Fjochtsje foar hjoed’. SjONG waard dit jier foar de tsiende kear holden.

Boarne: Cedin

In grôtfolle Neushoorn seach hoe’t Dani de oerwinning yn song mei ‘Eltsenien’, in Fryske ferzje fan ‘Anyone’ fan Demi Lovato. “We werden weggeblazen door Dani. Het was kwetsbaar en ontzettend mooi”, neffens âld-SjONG-winner en profesjoneel musicalaktrise Suzanna Pleiter, dy’t mei Willem de Vries (presintator Omrop Fryslân en muzykkenner) en Rowan Veltman (âld-SjONG-winner, finalist Holland’s got Talent en GTST-akteur) de muzyksjuery fan SjONG 2023 foarme.

Winner Dani Jellesma (foto: Piet Douma)

De twadde priis gie nei My Little Ghost, de skoalband fan Singelland Drachtster Lyceum mei it nûmer ‘Leaf, gean no net fuort’, in Fryske cover fan ‘Laat me niet alleen’ fan Jacques Brel. Willem de Vries: “Dit trio toande lef troch foar Jacques Brel te kiezen, mar dat pakte goed út. Se brochten in hiel moaie eigen ferzje.” My Little Ghost bestiet út sjongeres Mare Herrema en gitaristen Rian Rijpkema en Jørgen Bruinsma út Drachten. De tredde priis gie nei Meike Swart út Snits mei ‘Fjochtsje foar hjoed’, oftewol ‘How I’m feeling now’ fan Lewis Capaldi. Rowan Veltman: “Meike begelate harsels goed op gitaar, hie in perfekte timing en in moai eigen stimlûd.”

Tekstpriis
Dyselde Meike wûn ek de priis foar bêste sjongtekst. Tekstsjueryleden Wietske de Boer en Bruno Rummler nominearren koartlyn fjouwer songteksten en makken sneon bekend dat de tekst ‘Fjochtsje foar hjoed’, skreaun troch de learling fan Bogerman Snits, de alderbêste wie. De tekst is net in fertaling, mar in nij ferhaal en dat fûn de sjuery moai. Wietske de Boer: “De tekst doocht, rint en rôlet hearlik en past perfekt op de muzyk.”

Tsiende edysje
Dizze edysje fan SjONG wie de tsiende en dêrom beklommen ek seis âld-winners nochris it poadium. Sy songen parten fan harren winnende nûmers yn twa SjONG-medleys.

Wat is SjONG?
SjONG is it Frysktalige sjongfestival foar jongelju fan 12 oant en mei 18 jier, it wurdt ien kear yn de twa jier organisearre troch Cedin yn gearwurking mei Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân Tsjil. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer, folgje workshops en dogge audysje. Se begeliede harsels of sjonge op karaokebân. De bêste acts geane troch nei de finale. Dielnimmers meie ek allinne in Fryske sjongtekst ynstjoere en gjin audysje dwaan, dan dogge se allinne mei foar de tekstpriis.

juny 20, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.