Briefkje (71): “Meitsje fan in eigenskipswurd gjin eigennamme.”

juny 27, 2023 08:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief en giet fierder mei syn eigen foarige.

Bêste Ed,

Nei dyn útstapke fan ferline wike oer it neamen fan jiertallen gean ik hjoed noch efkes troch mei it ûnderwerp dêr’t ik it yn myn foarich brief al oer hie: ynklusive taal. It treft dat kommende sneon de ôfskaffing fan de slavernij betocht wurdt.

By útjouwerij Prometheus is koartlyn it boek Het n-woord. De geschiedenis van een beladen begrip fan Ewoud Sanders útkommen. It giet oer de skokkende skiednis fan it wurd ‘neger’ en de gearstallingen en útdrukkingen dy’t dêrmei foarme binne. Mar benammen ek oer alle rasistyske foaroardielen en waanideeën dy’t dêroan ophongen binne. Yn in neislachwurk út de ein fan de achttjinde iuw is bygelyks te lêzen dat negers bisteftich, ûngodstsjinstich, ûnreedlik, ûntrou, skamteleas, woest en wreed binne. De skriuwer frege him dan ek ôf oft se, ‘gelijk wij’, wol fan de earste minske ôfskaaiden.

Foar my wie neger net sa’n beladen wurd, mar nei it boppesteande sjoch ik der net fan op dat oaren dat wurd leaver mije, sa’t útjouwers en museums dat ek mei yndiaan dogge. Neger is as oersetting fan negro en nègre út romaanske talen oernommen. Yn dy talen betsjut it swart. By ús is it lykwols net yn gebrûk as wurd foar in kleur, mar as oantsjutting fan minsken mei in donkere hûdskleur én as skelwurd. Mar hoe neame we sokke minsken dan wól? Dat is noch net sa maklik. It liket derop dat swart de foarkar kriget, ek as se brún of brunich binne. Is dat safolle better? By ús hat swart faak in negative betsjutting: tink mar oan swart jild, swartriden en in swarte list.

Blank leit tsjintwurdich ek net goed yn ’e merk. As we betinke wat blanken, as fertsjintwurdigers fan in superieur ras, allegearre útfretten hawwe yn lannen dêr’t de minsken oars fan kleur wiene, dan is dat te begripen. No wurdt der de foarkar jûn oan wyt, al hat gjinien in wite hûd. Ien dy’t wyt om ’e holle is, giet it net goed mei. Wytminsken hiene yn de koloanjes net altyd in goede namme.

It Flaamske Het Gevoelig Lexicon jout in goede ried: “Meitsje fan in eigenskipswurd gjin eigennamme.” Dat jildt foar kleur en ek foar oare eigenskippen. As it alternatyf dan de kant fan ‘minsken mei in … eftergrûn’ (folje mar wat yn) útgiet, krije we wol in nuver omslachtich taalgebrûk. Binne donker en ljocht, sa’t wy hjir de hierkleur oantsjutte, gjin brûkbere wurden? Dy jouwe gjin oanstjit, tink ik.

Fan neger nei slaaf is mar in lytse stap. Mei de Hollânske beneaming ‘slaafgemaakte’ wolle guon minsken dúdlik meitsje dat it slaafwêzen gjin eigen kar wie. It komt my wat oerdreaun foar. Mar oan ’e oare kant, as ien slaaf fan syn wurk of fan syn hobby is, dan is dat in ferslaving dy’t him net troch oaren oandien is. Dus, miskien kinne we dochs net sûnder slaafgemaakte. Mar slaafmakke, dat wol net. Eigenskipswurden dy’t tagelyk mulwurd binne en dy’t troch bûging op e einigje, fiele meastal nuver oan. It fielt faak better as der in haadwurd op folget. ‘De betrape misdiediger waard ynrekkene’ klinkt better as ‘de betrape waard ynrekkene’. ‘Der wiene fiif nominearre kandidaten’ klinkt better as ‘Der wiene fiif nominearren.’ It kin ek oars: ‘der wiene fiif kandidaten nominearre’ of ‘der wiene fiif nominaasjes foar de priis.’ Soms binne we der sa oan wend rekke dat it net mear steurt: ‘in deputearre en de deputearren.’
Werom nei de slaaf: dat is wat my oanbelanget in ûnfrije. It foarheaksel ûn makket dúdlik genôch dat er dêr sels net foar keazen hat.

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

juny 27, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.