Briefkje (70): In jiertal is wat oars as in telefoannûmer
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief.
Bêste Jan,
do hast yn dyn brief fan 13 juny aardige foarbylden neamd oer in ûnderwerp dêr’t in hiel soad oer te sizzen falt, mar no’t ik op It Nijs fan tongersdei 15 juny de Opfrysker sjoen haw, wol ik dêrop reagearje, want dy bringt wat aparts oan it ljocht.
It giet der yn de sintsjes Min en Geef om dat it jiertal 2030 (twatûzen tritich) wól as twa tritich útsprutsen wurde kin, mar net as tweintich tritich. Dat lêste is in ynterferinsje, foar ’t neist út it Amerikaansk en in ferkoarting fan tweintichhûnderttritich is. Mar sa sizze wy dat net. Nei njoggentjinhûndert komt net tweintichhûndert, mar twatûzen.
No kin njoggentjinhûndert safolle ek útsprutsen wurde as njoggentjin safolle, mar hoe sit dat by de tûzentallen? Om it jier 2000 hinne hat taalkundige Joop van der Horst dêr nijsgjirrige dingen oer sein en skreaun. Hy makke de ferliking mei oare ferkoartingen, lykas de priis fan in produkt, bygelyks € 2,95 (twa fiifennjoggentich), of de lingte fan in planke, 1,50 m (ien fyftich). As in lytse poppe trije moanne is, sille wy dêr moanne as ienheid by neame, mar as it bern trije jier is, is er koartwei trije. De ienheid fan in bedrach, âldens of hoemannichte litte wy gauris wei en dat kin ek mei de hûndert- en tûzentallen. Van der Horst wie ferbûn oan de universiteit fan Leuven en joech noch mear foarbylden. Flamingen geane yn dy systematyk noch folle fierder, mar de foarbylden dêrfan kin ik my net mear tebinnenbringe.
By de jiertallen dogge har lykwols in stikmannich beheiningen foar. Sa sil 101 net útsprutsen wurde as ien ien en 1001 likemin as ien ien en ek net as tsien ien. 1066 sil altyd as tûzen seisensechstich sein wurde. Dat kening Redbad yn sân njoggentjin kaam te ferstjerren (op skrift 719) is in gewoane wize fan sizzen en sa kin de dea fan Bonifatius yn 754 ek sûnder hûndert.
It falt op dat it ienfâldiger wurdt neigeraden de jiertallen heger binne. It Selskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse wurdt gauris oantsjut as Selskip 1844. Dat wurdt komselden folslein (mei hûndert derby) útsprutsen, want as we sokke jiertallen neame, litte we hûndert faak wei. Us eigen bertejier sizze wy ornaris sûnder hûndert. Us mem kaam te ferstjerren yn 1997; njoggentjinhûndert kin wol sein wurde, mar wurdt meastal ferkoarte ta njoggentjin.
Neffens dy redenaasje is it dus gewoan om 2023 út te sprekken as twa trijentweintich. Om twa ien, twa twa, ensfh. te sizzen, wie ek neffens Van der Horst net sa handich, mar syn ferwachting wie dat it nei 2010 yn it deistich praat gewoan wurde soe om yn de jiertallen dêrop folgjend tûzen net mear te sizzen. Yn alle gefal fan 2015 ôf.
Ik tink net dat dy foarsizzing útkommen is, mar it is wol mooglik dat tûzen de kommende jierren hieltiten faker weilitten wurde sil: twa trijentweintich.
‘Tweintich trijentweintich’ liket nei fleanen, want dat soe folút tweintichhûnderttrijentweintich wêze. In jiertal is ommers gjin nûmer of in betsjuttingsleas kenteken.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje