Bouwe de Boer: 2022 in ramp mei in gouden rântsje

juny 10, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

It foarige jier wie in nochal spannend jier wat de enerzjy oangiet. De enerzjyfoarsjenning stie ûnder druk; de prizen wiene nea earder sa heech. De oerheid naam maatregels. Der moast besparre wurde en der waard in protte gas nei Europa ta helle. It resultaat is der. It oandiel Russysk gas is spektakulêr omleech gien. De reserve-opslach fan gas siet yn maaie al foar 70% fol. Gjin wûnder dat de enerzjypriis wer op in leger nivo sit. Der is wer rêst en balâns.

Never waste a good crisis?

Dat elke krisis nije kânsen meibringt, liket sa wier as wat. Troch de krisis ûntstie der in driuw om te besparjen sa’t dy noch nea waarnommen is. De grafyk hjirûnder lit sjen dat we yn Nederlân – ferlike mei de trije jierren dêrfoar – by steat wiene om 34% gas te besparjen. Bjusterbaarlik!

It lit mar wer ris sjen hoe belangryk oft priisynfloeden binne. De priis fan de houtpellets foar myn eigen ferwaarming gie yn in pear moanne fan 330 euro nei 900 euro! Dan wit men dat der fan de omstannichheden misbrûk makke wurdt. It is dúdlik dat de hannel derfan profitearret.

Tel de seiningen ek

It enerzjy-rampjier 2022 hat makke dat it sicht op it heljen fan de nasjonale klimaatdoelen helderder wurden is. De ‘27% enerzjy út fernijbere boarnen’ yn 2030 is ynienen mei de tsjintwurdige 15% realistysk te neamen. Sinne-enerzjy naam yn in jier tiid mei 45% ta, wynenerzjy mei 14%. Yn 2023 sil wat mear as 50% fan de elektryske stroom út duorsume boarnen komme.

Waarmtepompen: yn 2022 waard in oantal fan 1,8 miljoen waarmtepompen berikt, yn 2023 geane we oer de 2 miljoen. Lykwols… der waarden ek 440.000 cv-tsjettels pleatst. Oer in jier of wat binne dy ferbean, mar no wurde se noch gau oantúgd om de âlde ferwaarmingsboarne te ferfangen. En dat is goed út te lizzen: in cv-tsjettel kostet minder as 1000 euro, in waarmtepomp al gau acht kear safolle. In dúdlike kar foar in, faaks, koarte tiid. Hjir jildt ek wer: jild hat it foar it sizzen!

Dit is nûmer 77 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
juny 10, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.