Blomlêzing fan tsien Fryske dichters ferskynd

juny 17, 2023 09:19

Boarne: Utjouwerij De Ryp

Under redaksje fan in stikmannich Fryske literatuerkenners – resinsinten, kritisy en wittenskippers – is in lytse blomlêzing fan it wurk fan tsien Fryske dichters ferskynd. Dichters, dy’t al tiden fêstige nammen yn de Fryske poëzij binne.

It boekje is makke op fersyk fan It Skriuwersbûn, it Fryske skriuwersfakbûn. It befettet koarte bio- en bibliografyen fan de dichters en jout fan elk fan harren ien of twa gedichten mei as taheakke in Nederlânske oersetting. It boekje rjochtet him yn it bysûnder op de poëzijlêzers bûten Fryslân. De gearstallers binne fan miening dat de Fryske poëzij breder omtinken fertsjinnet as allinnich yn Fryslân. De lêzer kriget in earste yndruk fan it fariearre lânskip fan de hjoeddeiske Fryske poëzij.

De útjefte Naar gelang het Noorden is fersoarge troch útjouwerij De Ryp yn Warkum. De redaksjekommisje bestie út Inge Heslinga, Goffe Jensma, Martsje de Jong, Doeke Sijens en Hylke Tromp.

De titel is in Nederlânske oersetting fan de titel fan it gedicht ‘Neigeraden it noarden’ fan Eppie Dam út 2004. Neist Dam steane de folgjende dichters yn de blomlêzing: Tsead Bruinja, Nyk de Vries, Elmar Kuiper, Abe de Vries, Elske Kampen, Cornelis van der Wal, Jacobus Q. Smink, Piter Boersma en Aggie van der Meer.

juny 17, 2023 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.