Dieretún Miami ferûntskuldiget him foar mishanneling kiwy

juny 9, 2023 08:16

In Amerikaanske dieretún hat ekskuzen oanbean foar it mishanneljen fan in kiwy. Yn Nij-Seelân wie in protte opskuor ûntstien oer hoe’t it publyk it skouwe nachtdier tsjin betelling ûnder fûl ljocht streakje mocht.

Kiwy (foto: Wikipedia/Kimberley Collins – CC BY-SA 4.0)

Yn in ferklearring biedt Zoo Miami syn “oprjochte ekskuzen” oan. De dieretún seit ek de betelle kiwy-oanhelsesje net mear oan te bieden: “Wy nimme de klachten tige serieus.” Yn de fideo dy’t de dieretún op sosjale media set hie wie te sjen dat de fûgel – dy’t Pāora hjit – op in tafel yn in fûlferljochte keamer stie. De besikers, dy’t goed tweintich dollar foar it ‘kiwy-momint’ betellen, waarden oantrune om it bist te streakjen.

De kiwy is in nasjonaal ikoan yn Nij-Seelân en stiet symboal foar it unike natuererfgoed fan it lân. Sa is de bynamme ‘kiwy’s’ foar ynwenners fan Nij-Seelân ôfkomstich fan de rinfûgel. It duorre dan ek net lang foar’t it filmke yn Nij-Seelân grutte opskuor joech. In petysje fia ynternet om Pāora te “rêden” waard yn twa dagen mear as 10.000 kear ûndertekene. Jeseka Christieson, de Nij-Seelanner dy’t de petysje op tou sette, skreau op de webside dat kiwy’s “net Amearika’s boartersguod” binne.

Yn petear mei Nij-Seelânske media seit in wurdfierder fan de Amerikaanske dieretún him te skamjen: “It wie gjin goed trochtocht plan. Wy tochten, de fûgel is sûn en docht it goed, dat soks kin wol lije, mar “wy sieten ferkeard.”

Noed oer húsfêsting
Der wurde net folle kiwy’s yn finzenskip holden. De Nij-Seelânske miljeu-organisaasje Department of Conservation wol kontakt mei de Amerikaanske feriening fan dieretunen en akwaria opnimme om “guon fan de klachten soargen oer húsfêsting en behanneling” oan te kaarten.

juny 9, 2023 08:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.