Binne Mosk: En mar seure en kleie
Resint ferskynd
Kollum

Charles Darwin. Foto
. Boarne Wikipedia, pub;yk domeinEin maaie wiene der troch LAKS, it Landelijk Aktie Komitee Scholieren, 200.000 klachten oer de eineksamens yntsjinne. It liket derop dat der hieltyd mear problemen binne yn it ûnderwiis en mei bern. Dat kin net wier wêze.
Men soe begjinne kinne mei te sizzen dat LAKS net op ’e hichte fan de stavering fan it Nederlânsk is. It moat ‘actie’ en ‘comité’ wêze. Gjin wûnder dat se kleie oer de eksamens. Tajûn, dat is flau. Der sille grif flaters makke wêze by de eksamens, mar dit is wol in heel soad. Noch nea earder wiene der safolle klachten.
It skynt dat de taal en lêsfeardigens fan bern minder en minder wurdt. Koartlyn waard it foarstel dien om swakke pabo-studinten – dy skine der te wêzen, it binne guon dy’t net fan lêzen hâlde en net alles begripe wat se achte wurde te learen – dat dy dêrom eins in jier langer stúdzjefinansearrring krije moatte.
Der binne guon dy’t leauwe dat de bern en jongerein fan tsjintwurdich oars binne as eartiids. Dat kin net wier wêze. Yn de wittenskiplike wrâld is der gjin twivel oer de prinsipiële krektens fan de evolúsjeteory. Oan de diskusje oer de krektens fan de Bibel is al lang in ein kommen.
Yn 1955 ferskynde En de Bijbel heeft toch gelijk, dêr’t Werner Keller wanhopich yn besocht om de histoaryske krektens fan de Bibelske ferhalen oan te toanen. Tsjintwurdich hawwe de measte teologen en leauwigen de opfetting dat wy Keller net nedich hawwe om te leauwen. Boppedat sille in soad fragen oer it ûntstean fan de wrâld en skepping nea oplost wurde.
Mar no werom nei Darwin en syn evolúsje. Ien fan de basisprinsipen dêrfan is, dat planten, bisten en minsken har algeduerich oanpasse oan harren omjouwing. Wa’t dat it bêste kin, sil oerlibje. “The survival of the fittest” betsjut dus net dat de ‘fittest’, de sterkste, oerlibbet, nee it Ingelske ‘fit’ betsjut dat ‘de bêste oanpaste’ oerlibbet. Oanpassingen geane stadich en de fraach is yn hoefier’t skaaimerken fan in wêzen trochjûn wurde oan de folgjende generaasjes. Dêr is net alles oer bekend.
Der binne klachten yn it ûnderwiis dat der hieltyd mear bern mei problemen binne. Darwin soe him ôffreegje oft it mooglik is dat sokke grutte feroaringen yn gedrach har al nei ien generaasje foardwaan kinne. Ik tink dat hy sizze soe dat soks ûnmooglik is. Bern fan hjoed-de-dei binne krekt sokke bern as dy fan tritich of fjirtich jier lyn. Fansels is de maatskippij feroare en hawwe skoallen en âlden der net altyd it goede antwurd op.
Skoallen hawwe aardich mear kennis en oplossingen as eartiids. Mar yn de praktyk minder as âlden en learkrêften graach sjen soene. Gelokkich hawwe wy de tiid hân dat bern dy’t net mei komme koene der mar in bytsje foar spek en beane by sieten.
It is lykwols wichtich dat skoallen gjin tasizzingen dogge dy’t se op gjin inkelde manier neikomme kinne. Yn skoalgidsen steane moaie beskriuwingen dat de skoalle besiket om “rjocht te dwaan oan alle bern”.
Mar “besykje” moat skreaun wurde yn fet en grutte letters. Men kin it grutste part fan ’e dei net besteegje oan it omgean mei lear- of gedrachsproblemen, sels net mei in soad kunde en kennis en mei de bêste wil fan de wrâld. Boppedat is it gefolch dat skoallen dan tekoartsjitte yn it jaan fan ûnderwiis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje