Biltske Ierappelwiken 2023: AXOMAMA

juny 28, 2023 10:34

Axomama © Bildtse Aardappelweken

Op 28, 29, 30 juny en 1, 6, 7, 8 july wurdt yn Sint-Anne it teäterstik Axomama spile. Hein Jaap Hilarides skreau dat moderne mearke foar de Biltske Ierappelwiken fan dit jier.

It draait om de fraach hoe’t natuer en kultuer har ta-inoar ferhâlde. Besjoen út de skiednis fan de ierapel wei wurdt it takomstperspektyf foar de lânbou tekene, dêr’t gentech – as it ferantwurde tapast wurdt – ek in rol yn spylje kin. It stik wol in bydrage leverje oan de diskusje oer de produksje fan ús iten.

It wurdt spile troch Tet Rozendal (Axomama, godin fan de ierappel), Lysbeth Welling (Amanda, boeredochter en Mary, gentech-frou) en Jitze Grijpstra (Ralf, jonge boer en kwismaster). Theo Smedes hat de regy. Allegearre betûfte en ferneamde krêften.

It mearke wurdt spile yn in loads oan de Schuringaweg 61.
Tagongskaarten binne te besetten fia www.bildtseaardappelweken.nl.
Klik hjir foar wiidweidiger ynformaasje.

juny 28, 2023 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.