- Redbad-regisseur Roel Reiné komt mei heldeferhaal oer Marco Kroon
- Sjongmiddei yn Boalsert
- Ljouwert siket Stedsdichter
- Needgjalp fan it Skriuwersbûn oan de Fryske polityk
- Streektaalatlas 2022: ferskillen regionale talen binne grut
- Slauerhoff-lêzing dr. Arie Pos en muzyk Jankobus Seunnenga yn Doarpstsjerke Huzum
Arjan Hut: Efkes gjin Putin
Resint ferskynd
Kollum
In studint oan de Schrijversvakschool joech my nei ôfrin fan it lêste kolleezje in gedicht. Geduldich en sekuer mei de hân oerskreaun, op in oranje briefke. Se hie foar alle studinten (sân stiks) fan Schrijftechnieken A in gedicht útsocht, en ik krige ien fan Fedde Schurer. “Dit is mijn favoriet”, sei se. Lêste lessen binne bitterswiet; it wurk sit derop, mar it is ek de lêste kear dat we byinoar sitte mei deselde minsken yn deselde fertroude setting.
As it gedicht klear
út berûzing skepen
oan it ûnwittene ûntbloeid is
It is folwoekseneûnderwiis, en sûnt dit skoaljier bin ik dosint foar in Fryske en in Nederlânsktalige groep starters. In moai baantsje, al hielendal omdat ik begjin mei de begjinners! Studinten rinne útinoar fan tweintigers oant tachtigers. Dit wie de Nederlânsktalige groep, mar frjemdernôch skreaune der hieltyd mear harren mails en soms ek parten fan de opdrachten yn it Frysk. Lykas dizze studint, se waard koartlyn 83.

In sjekjedraaiende Schurer, 1966, op it ynterfryske studintekamp yn Surhústerfean. Boarne: Tresoar
en mei wisse grepen
fan it ferstân besnoeid is
Yn in earder kolleezje fertelde se dat it har suver en allinne om de wille fan it skriuwen gie. Net om in skriuwer te wurden. Earder yn it libben krige se it gefoel net goed genôch te wêzen. Ek in kear sei se dat de gedachte dat se noch mar in pear jier fan libjen oer hie har wolris knypte. It leafst woe se de beginnersgroep nochris dwaan. Altyd oan it begjin bliuwe, mei al syn mooglikheden, hearlik.
As yn ’e dôve hurd
de freugde om ’t glânzich wurd
al hielendal fergloeid is
Loslitte falt net ta. Earder yn de wike hie ik ôfskied nommen as Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen. Dat hie om my ek wol altyd sa bliuwe mocht, mar ja, ik bin gjin dichter-diktator en sûnder revolúsjonêr bloedferjitten is by einsluten it stokje oan Marcel Smit oerdroegen.
Dreger fyn ik it om te sjen hoe’t de bern hurd grut wurde. It jûns deljaan is in soarte fan ôfskied nimmen; de oare moarns krigest in nij, grutter, wizer bern werom! Oant se útfleane.
dan fiel ik elke kear
de freze om it oan te sjen
as foar in folwoeksen bern
dat my ûntgien en ûntgroeid is
Miskien is it wol wier dat wy diel útmeitsje fan alle tiid en alle romte. Mar wa hat it langer oan tiid om yn sokke djippe gedachten om te dollen? De dagen sjitte as kûgels foarby. Eve Cox, de Flaamske dichter, ferwurdet it sa: “Reeds vergeten wat ik gister deed / plan ik de komende week / wijl ik m’n pezen op de vaart van ’t heden breek”.
Miskien dat ik dêrfandinne skriuw: om fêst te lizzen, net te ferjitten. Dat ik lês om de ierde in tel stil te setten. In tel klok en alles loslitte! Makket net út hokker gedicht. Efkes gjin Putin, ellinde, stikstof, synisme… Ofdriuwe yn dy tiidleaze romte fan de poëzy. As it gedicht klear is, dan sjogge we wol fierder.
(Fedde Schurer, ‘As it gedicht’, út: Efter it nijs, 1966.)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje