Arjan Hut – De stilte fan Jan Dotinga
Resint ferskynd

Scotty hat syn nocht. Boarne: Twitter.
Kollum
Moai waar, lekker bûten sitte. Efkes neat oan ’e kop, miskien sels in boek op ’e skurte. Hearst de wyn, de fûgels, it ferkear yn de fierte rûzet sêft en dan… sette de buorlju de Blue-tooth speakers oan en wurdt alles ferkrongen troch de monotoan pompende beat fan jierren 90 party-house.
Dan mar efter hûs sitte, mar dêr is it al net better: hobbeljende Hollandse hits. Bierkes derby, ballontsjes mei gniisgas. Ik besykje rêstich te sykheljen, moat my net oanstelle. En dan set de buorfrou op de hoeke de muzyk ek oan.
Ik hâld fan muzyk, dêr net fan. En yn in stêd is it nea stil, wit ik wol. En foardatst der mei in honkbalkneppel op los raamst, moatst earst op in fatsoenlike wize freegje oft it folume wat minder kin. Op Twitter kaam in plaatsje foarby fan immen dy’t yn blokletters synysk krimmenearret oer Blue Toothellinde op it strân. “TANKEWOL IK HIE ALHIEL GJIN NOCHT OM DE SEE TE HEARREN, ensafh.” Ik bin dus net de iennichste dy’t himsels fan ellinde opfret.
Blauwwaarm hong de middei
oer it hiem;
ûnder it mes fan de stilte
waarden bousel en beam
yn oarder brocht.
Wa’t fan Ljouwert út westkant de Ie del nei it noarden fytst, oer dat smelle paadsje, dy heart op syn heechst de fûgels, en de wyn dy’t jin by de earen delstrykt. Krekt foar it hege brechje oer de Stienzer Feart (yn de fierte sjochst de tsjerketoer fan Wyns) stiet in buordsje mei poëzij fan Jan Dotinga. (Miende earst dat it “De Tille” hjitte, fanwegen it brechje en omdat ik de goede bril net op hie.) Mei “De Tille” yn ’e holle wie it ek folslein dúdlik foar my wa’t as inkelde hichte yn it leechlân stiet. Mar it hjit De Stilte.
Op it wite flak fan de kolk
stiest as inkelde hichte,
as in reiddomp yn it leechlân
fan de snijer.
It gedicht makket diel út fan de Literatuerrûte Ljouwerteradiel. It stiet dêr al sûnt 2000, in jiertal dat noch hieltyd klinkt as de takomst. It gedicht sels is âlder. It stiet yn Dotinga syn debútbondel Lytse Ivichheit (1965). De dichter groeide op yn Stiens, wie skoalmaster en krekt oer de tritich. Sa’n tiidleas, folwoeksen fers, fyn ik, dat boppedat op in moai plak stiet. Op ’e romte. Hjir en dêr in pleats. De tiid hat it tempo fan in binnenfeartskûtsje.
Om dy hinne
krigen de dingen siken;
De skuorre lake út in grien each en
de bûthûsfinsters keatsten elkoarren
wurden ta.
Mear noch as de hege enerzjyprizen en de ûndergong fan it klimaat, binne Blue toothspeakers de reden dat lju ynvestearje yn bettere isolaasje. Fjouwerdûbele finsters, lûdtichte panielen. Dat is dan wer posityf.
It wetter droech de stilte
-wylst it beskieden op antwurd wachte-
as in ûnbegrepen fraach;
oan ‘e kant hong it stalt, in ûnnut
dier op hege poaten.
Stilte as in tekken dy’t oer de lûden fan it lân leit. De stilte hat gewicht. En waarm is it. De stilte driuwt op it wetter, hinget yn de beammen. (Foar myn eigen debút skreau ik krekt in tsjinoersteld gedicht, oer de lûden fan in stêd yn de nacht!) Ik stean en ferdwyn no yn de stilte, yn de wurden. Efter my race twa boomers op elektryske fytsen de tille ôf yn ’e rjochting fan Ljouwert. Se sjogge it buordsje net. Se drage earpods.
Wurge beammen rjochten har stal;
jonge tûken loeken har
oan it ljocht omheech.
Skerpe fûgels kurven de stilte, wilens
de gjalpen sêft it hiem oprûgelen.
(Gedicht: De Stilte, skriuwer: Jan Dotinga, út De Lytse Ivichheid, 1965)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje