Anne Dykstra: Klimaktearium
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (34)
De Hebriuwske útdrukking foar hja is ûngesteld is it giet har neffens de wize fan ’e froulju’. En sa set Wumkes it yn 1943 dan ek oer.
Yn Genesis 31:35 beweart Rachel dat se de regels hat (as ferlechje, om net oereinkomme te hoegen, wylst se op de stellen ôfgod sit). De oersetting fan 1978 hat: ik ha de gewoane frouljuskwaal. Sa bliuwt it omskriuwende karakter fan ’e Hebriuwske útdrukking moai behâlden.
Yn Genesis 18:11 giet it oer it ophâlden fan de regels: it gyng Sara net mear neffens de wize fan ’e froulju. Dat is wurden: Sara wie al oer de jierren. Dy oersetting is yn al syn saaklikens in stik freonliker as de útdrukking dy’t Halbertsma yn syn wurdboek jout: ‘De froulju wolle net witte dat se âldwiif binne foar’t se beppe hjitte’. Neffens Halbertsma wolle froulju it gjin wurd ha dat se ‘het climacterium gepasseerd zijn’, oftewol it libbensskoft dat de funksjes fan ’e geslachtsorganen ophâlde en froulju dus net mear ûngesteld wurde.
Oare wike woansdei wer fierder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje