Anne Dykstra: De saken ha
Resint ferskynd
Kollum
Unfoech praat (31)

Artemisia absinthium. Foto Agnieska Kwiecien, Nova. Boarne Wikimedia Comons CC BY-SA 4.0
By de earste betsjutting fan saak seit it WFT dat it in algemiene term foar dingen en foarstellingen is, dy’t as ferlytsingswurd of as oerkoepeljend wurd, brûkt wurde kin foar saken dy’t je net beneame wolle. Dêr hie de meartalsfoarm faaks noch oan tafoege wurde kinnen, want as in frou de saken hat, is se ûngesteld. It WFT hat der lykwols foar keazen om dêr in aparte betsjutting fan te meitsjen.
Dêr stiet oars noch al in nijsgjirrige tip foar froulju dy’t wol fan ’e ûngesteldheid ôf wolle. It komt út in boekje oer de boereblom: ‘De Absintaelst wie goed foar it weibliuwen fan ’e saken’. Of soe it krekt oarsom wêze? Bringt de ‘absintaalst’ de saken wer op ’e regel?
Spul en boel binne, lykas saak, algemiene oantsjuttingen foar fan alles en noch wat, en dus ek gaadlik as eufemisme foar de menstruaasje: Dy boel ha, de boel ha, de spullen ha, dat spultsje ha.
Oare wike woansdei fierder.
De regels hawwe (mentruearje).