Alderearste eksamenkandidaat Frysk op CSG Liudger yn Waskemar

juny 2, 2023 08:14

Foto: pixabay.com

Op 30 maaie om 9 oere starte foar Nynke Meestringa út Wynjewâld har lêste eksamen. Foar de skoalle yn Waskemar in primeur, want it wie de alderearste kear dat der in learling slagje koe foar it fak Frysk.

Geeske van der Sluis, dosinte Frysk yn Waskemar: “It is fantastysk dat Nynke eksamen dwaan koe yn har eigen memmetaal. Nynke is in echte Fries en fûn it in aardichheid om har ek yn de boppebou dwaande te hâlden mei de Fryske taal en kultuer. Se hat sels de ambysje om ek dosinte Frysk te wurden; tige bysûnder dat ik har dêrby begeliede mocht.”

Oft der yn de takomst ek wer eksamenkandidaten foar it Frysk komme sille, hinget fan in protte ôf. Nynke hat har eksamen yn alle gefal dien. No is it noch wachtsjen op de útslach.

Lês ek it berjocht fan It Nijs fan woansdei 31 maaie 2023.

juny 2, 2023 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.