3D-keunstners wurkje yn Ljouwert oan oade oan Escher

juny 8, 2023 08:17 Fernijd

Op 17 juny 2023 is it krekt 125 jier lyn dat ien fan de ferneamdste Ljouwerters berne waard: Maurits Cornelis Escher. Hy brocht syn earste libbensjierren troch yn Ljouwert, yn wat no it Keramykmuseum Prinsessehof is. Om syn libben en syn keunst te fieren, binne der fan juny oant en mei oktober sân 3D-keunstwurken yn de binnenstêd fan Ljouwert te finen, as oade oan de ikoanyske grafikus. De strjitkeunst wurdt oanbrocht troch fjouwer keunstners. Ien fan harren is Leon Keer, ien fan de liedende keunstners yn de anamorfyske strjitkeunst op ’e wrâld.

Leon Keer (foto: Mitch de Pon)

3D-keunstrûte
De wrâldferneamde grafikus M.C. Escher wie in master fan de optyske yllúzje, mar dizze keunstners kinne der ek wat fan. Leon Keer, Massina (Marije Spelbos), Remko van Schaik en Ruben Poncia wurkje yn it projekt gear oan de 3D-strjittekeningen dy’t op opdracht fan Visit Ljouwert, de marketingôfdieling fan de gemeente Ljouwert, pleatst wurde. De keunstrûte nimt jin mei troch de hiele binnenstêd: nei it startpunt by it Prinsessehof giet it nei it Riedhúsplein, de Blokhúspoarte, de Prins Hendrikbrêge, it Stasjonsplein en de Haniasteech. De rûte einiget by it lêste wurk, dat foar de yngong fan it Ljouwerter besikerssintrum leit.

Eschers jierdei
Om de jierdei fan Escher goed te fieren, wurket Visit Ljouwert mei Keramykmuseum Prinsessehof en Visit Fryslân oan de realisaasje fan de 3D-strjitkeunstrûte. Op sneon 17 juny wurdt de rûte feestlik iepene troch museumdirekteur Kris Callens en boargemaster Sybrand Buma. Oanslutend op de gearkomste oan it begjin fan de rûte, nimt A Guide to Ljouwert de besikers mei by de sân keunstwurken del. Dêrneist traktearje it Ljouwerter besikerssintrum en it Keramykmuseum Prinsessehof de besikers dy deis op gebak en kin men fergees nei it Prinsessehof.

Ruben Poncia (foto: Mitch de Pon)

Leon Keer
Leon Keer is foar Ljouwert gjin ûnbekende. Hy makke yn 2018 fjouwer Escheriaanske strjittekeningen as ûnderdiel fan it projekt Planeet Escher, by de grutte útstalling Escher op reis yn it Frysk Museum. Twa jier letter gie er werom nei Ljouwert om it Prinsessehof te ferrykjen mei in gigantyske muorreskildering yn de wulvige kelderromte, dêr’t er him by ynspirearje liet troch it bekende wurk ‘Hol en Bol’. De skildering is noch te sjen as ûnderdiel fan de eksposysje Thuis bij M.C. Escher.

juny 8, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.