Wittenskipspriis Campus Fryslân 2023 útrikt
Resint ferskynd
Dr. Alex Kerkhof fan de Fryske Akademy is de winner fan de Wittenskipspriis Campus Fryslân 2023. Kerkhof die ynterdissiplinêr ûndersyk nei it ferdwinen fan it Frysk út Seelân en Hollân yn de betide en hege midsiuwen.

Dr. Alex Kerkhof (boarne: Fryske Akademy)
As histoarysk taalkundige en histoarikus mei kennis fan geografy en plaknammekunde sjocht Alex Kerkhof oer tema’s hinne en ferbynt dy op ynspirearjende wize. Ut namme fan de gemeente Ljouwert rikte wethâlder Nathalie Kramers yn it stedhûs fan Ljouwert ferline wike woansdei de Wittenskipspriis út.
Jong talint
De sjuery fan de Wittenskipspriis Campus Fryslân 2023 is ûnder de yndruk fan it jonge talint dat ûndersyk docht dat betrekking hat op Fryslân. Foarsitter pref. dr. Anne Beaulieu priizget it ferskaat fan de ynstjoeringen en sjocht dat ûndersikers hieltyd faker ynterdissiplinêr wurkje. “Dat is in wichtige ûntjouwing yn de wittenskip, dy’t ek wat seit oer hoe’t wittenskip yn Fryslân fernijend bedreaun wurdt. Dat is te sjen yn ’e fraachstelling en ek yn hoe’t wittenskippers oer harren ûndersyk kommunisearje en hoe’t se it konkreet ymplemintearje. Yn it ûndersyk fan Kerkhof sjogge wy dat hiel dúdlik werom en it makket dy wittenskiplike bydragen stik foar stik ynnovatyf en bjusterbaarlik.”

Peter-Alexander Kerkhof (l.), Deike Schulz (r.), Wido Heeman (byldskerm) (foto: Campus Fryslân)
De twa oaren dy’t nominearre wiene, binne Wido Heeman fan it MCL (Clinical translation of laser speckle contrast imaging) en Deike Schulz fan NHL Stenden Hegeskoalle (The construction of organizational legitimacy in online communities).
Alle ynformaasje oer de priis en it sjuerybeslút is nei te lêzen op de website fan Campus Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje