Briefkje (67): Ynklusive taal
Resint ferskynd
Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief fan ferline wike.
Yn- en eksklusiviteit, dat wie it dêr’tsto ferline wike dyn brief mei ôfsleatst. It siet deryn dat we it dêr in kear (of faker) oer hawwe moatte. Noch net sa lang lyn wie dat ûnderwerp yn it nijs trochdat it LAKS (landelijk aktie komitee scholieren) mei in taalgids kaam, dêr’t dosinten ûnder mear yn oanret waard om learlingen net mei ‘bêste jonges en famkes’ oan te sprekken mar mei ‘bêste learlingen’. Sa hoege jongelju dy’t ûnwis oer harren seksuele aard binne, har net bûtensletten te fielen.
Dêr giet it tsjintwurdich faak om. Foarhinne moasten we der rekken mei hâlde dat we by bygelyks it oantsjutten fan beroppen beneamingen brûkten dêr’t sawol manlju as froulju har mei oansprutsen fielden. Net ferpleechster en ferpleger, mar ferpleechkundige. Dat it dêrby om genderneutraal taalgebrûk gie waard net altyd begrepen. Guon leine it sa út: in ferpleger ferpleget en in ferpleechkundige wit hoe’t it moat.
By genderneutraal taalgebrûk giet it de lêste jierren om mear, gearfette yn de ôfkoarting lhbtqia+. Gender is lykwols net it iennige aspekt dêr’t minsken har oars as oars troch fiele. Der binne alderhande minderheidsgroepen. Tink oan minsken mei in lichaamlike, sintúchlike, mentale en/of ferstanlike beheining, minsken mei hokker etnysk komôf en/of libbensoertsjûging. We prate net allinne oer genderneutrale taal, mar benammen oer ynklusive taal: taalgebrûk dêr’t gjinien mei útsletten wurdt.
As we yn ús praten en skriuwen gjinien útslute wolle, kinne we derom tinke dat we dêr yn ús formulearjen rekken mei hâlde. It giet neffens my yn it earste plak om ús hâlding, it bewustwêzen fan it gefaar dat we maklik guon útslute. As we in groep ferwolkomje, hoege net te begjinnen mei ‘dames en hearen’, ‘froulju en manlju’ of ‘famkes en jonges’. It kin ek mei ‘Wolkom allegearre’ of ‘Oanwêzigen, ik wol jimme wize op…’
In protte wurden einigje op ‘man’. Soms kin dat troch ‘frou’ ferfongen wurde, mar as it ûnwis is oft dejinge dy’t bygelyks de tún fersoarget in túnman of in túnfrou is, kinne we ek túnker sizze. Grienteman is maklik troch grienteferkeaper te ferfangen, keapman troch hanneler en kranteman troch kranterinner, mar faak sille we in oantsjutting yn in sin ferwurkje moatte. In foarbyld mei folksman, dat dochs al mear as ien betsjutting hat: a. ien út it gewoane folk, b. ien dy’t populêr by it folk is en c. ien dy’t maklik mei alderhande minsken oerwei kin. Stel, fan Sanne witte we net oft it in man of in frou of noch wat oars is. Dan kinne we net sizze dat Sanne in folksman is en al hielendal net dat it in folksfrou is, want dat lêste betsjut dat it ien út it gewoane folk is en dat bedoele we no krekt net. Oplossing: ‘Sanne kin maklik mei elkenien oerwei.’
In swierrichheid is noch wol watfoar foarnamwurden we yn it gefal fan Sanne (en alle oaren dêr’t it seksuele aard net wis fan is) brûke. ‘Sanne syn/har hûs’ kin net. ‘It hûs fan Sanne’ kin wol. Dat leit noch maklik. Mar no it werom- of oanwizend foarnamwurd. ‘Niis wie Sanne hjir. Dy woe my wat freegje. Ja, Sanne, dy fan hjirneist, dy bedoel ik.’ Net: ‘hy, hja, sy of se’ en yn alle gefal net ‘waans en it’ neffens Hollânske útfynsels.
Wy sille it der noch wolris faker oer hawwe moatte. Ik sil it boekje Dat mag je óók (al meer niet) zeggen fan Vivien Waszink oantuge.
Mei freonlike groetnis
Jan
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje