Yndiaaske amtner lit 2 miljoen liter wetter fuortpompe om mobyl werom te finen
Resint ferskynd
Yn de eastlike Yndiaaske dielsteat Chhattisgarh is in amtner tydlik út it wurk set om’t er twa miljoen liter wetter út in reservoir fuortrinne litten hat.

Foto: pixabay.com
De man wie snein op fakânsje yn it gebiet en woe by it wetter in selske nimme. Dat mislearre; hy liet syn mobyltsje falle en dat bedarre yn de 4,5 meter djippe wetterberging. Neffens Yndiaaske media gie it om in telefoan mei in wearde fan 100.000 roepie, oftewol goed 1100 euro.
Dûkers holpen him om it apparaat werom te finen, mar sûnder resultaat. Dêrop liet er in diselpomp komme om it wetter fuort te pompen.
Nei in pear dagen krige in kollega fan it wetterbehear dat yn ’e gaten en liet de pomp stilsette. “Wetter is essinsjeel en mei op dy manier net fergriemd wurde”, sei er tsjin ien fan nijswebside The National. De amtner dy’t út syn funksje set is, seit dat de telefoan rêden wurde moast, mei’t der gefoelige ynformaasje fan de oerheid op stie. Hy soe tastimming hân hawwe om it wetter fuort te pompen. Oft dat wier is wurdt útsocht.
De telefoan is úteinlik weromfûn, mar hat de trije dagen ûnder wetter net oerlibbe.
Omdat it kin!