Wurkje by It Nijs

maaie 2, 2023 22:02

Fan de redaksje

It Nijs hie al in aardich bestân oan kollumnisten en dat is koartdeis ek noch fiks útwreide mei in moai espeltsje nijen. Al in hoartsje fersoarge Anne Dykstra in kollum oer taboewurden en hold Folkeline Papjes in bloch by oer de tariedings foar de nijjiersrevu op ‘e Jouwer. Okkerdeis kaam Arjan Hut derby mei bydragen dêr’t er gedichten yn keppelet oan aktuele ûntjouwingen. Gabrielle Terpstra sil har spesjaal rjochtsje op de jongerein, ûnder oaren mei filmresinsjes, en Janna van der Meer set útein mei in bloch oer de transysje fan in buorkerij nei in duorsum bedriuw. Hein Jaap Hilarides is allyksa fan doel en kom geregeld mei bydragen. Syn earste wie in besprek fan in boek oer de histoarje fan It Bilt foar de ynpoldering.

Dêrfoaroer hat kollumniste Simone Djurrema, dy’t alle moannen oer har libben yn Sweden fertelde, de pinne dellein. Mar der is in ferfanger fûn, Jaap Slager, dy’t yn Portugal tahâldt. En nei omtrint 14 jier bydroegen te hawwen oan de nijsfoarsjenning op It Nijs, nimt redakteur Henk Wolf no ôfskied. Tige tank Henk foar dyn krewearjen! Mei dêrom is der by It Nijs altyd noch ferlet fan frijwilligers dy’t reportaazjes meitsje kinne of fraachpetearen hâlde of gewoan efter de kompjûter nijs garje en dêr in nijsgjirrich Frysktalich artikel fan meitsje wolle. Gadingmakkers kinne kontakt opnimme fia ynfo@itnijs.frl.

It Nijs is in inisjatyf fan de:

maaie 2, 2023 22:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.