Winners NTR Podcastpriis 2023 bekend

maaie 19, 2023 08:52

Eva Vanderstricht en Hanne Volckaert binne de priiswinners fan de NTR Podcastpriis 2023. Harren podcasts binne beleanne mei respektyflik de earste en de twadde priis. Hja moasten it opnimme tsjin acht oare nominearre jonge podcastmakkers út Nederlân en België.

F.l.n.r.: Hanne Volckaert, Loes de Groen, Elène Zuidmeer, Eva Vanderstricht (foto Emma Pot/NTR)

De finale wie op snein 14 maaie yn TivoliVredenburg yn Utert, by it NPO Luister Podcast Evenemint. De sjuery ûnder foarsitterskip fan Maya Schepers, sekretaris audio by it NPO-fûns, wie tige oer de kwaliteit fan de tsien nominearre produksjes te sprekken en hat har by it harkjen gjin tel ferfeeld. Der is folop eksperimintearre, murk de sjuery fierder op, en in protte makkers hawwe nijsgjirrich argyfmateriaal boppe wetter helje kinnen. By syn einoardiel hat de sjuery foaral op orizjinaliteit, ferhaalopbou en gebrûk fan it medium achtslein

Winners
Winner Eva Vanderstricht makke mei Tati in oangripend, yntym ferhaal oer har famylje. Dêr kamen de ferhâldingen ûnderinoar yn ûnder druk te stean doe’t Eva’s styfheit fertelde dat er in ûnferfolle bernewinsk hie – dy’t al hast útkomme soe. De sjuery wie der ûnder de yndruk fan dat Eva mei alle belutsenen prate kinnen hie en de goede fragen op krekt it goede momint stelde. Hoe’t Eva harsels ferwurke hat yn it ferhaal, dat sa ticht by har stiet fertsjinnet neffens de sjuery in plom. ‘Koartsein, in ferhaal dat der mei kop en skouders boppeút stuts!’, sa einiget de sjuery syn rapport.

Hanne Volckaert naam de twadde priis yn ûntfangst mei Solastalgie. Dêryn fangt se har klimaateangst yn lûd. ‘In poëtysk, relevant ferhaal dêr’t mei klank yn spile is’, oardielet de sjuery. De pertininte fragen oer ferantwurdlikens en machteleazens dy’t it audioferhaal opropt, sille de sjueryleden lang bybliuwe.

Der wie ek in publykspriis te ferjaan, dy’t Loes de Groen krige. Hja makke mei Achter de gordijnen, in ferhaal oer in âlder stel dêr’t ien fan demintens hat. Mei hast tritich persint fan de goed 3000 stimmen liet Loes de oare nominearre makkers efter har.

By einbeslút rikte de Dutch Directors Guild, de fakferiening foar regisseurs, ek in priis út. Elène Zuidmeer, dy’t it ferhaal Alles wordt beter makke, krige in trainingsbon. Dêr kin se begelieding fan in makker mei ûnderfining mei krije by har fierdere karriêre.

Alle nominearre ynstjoeringen, oanfolle mei fraachpetearen mei de makkers, binne werom te harkjen yn it podcastkanaal fan de NTR Podcastpriis.

maaie 19, 2023 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.