Warskôging: wês net te goed fan betrouwen!

maaie 2, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer skriuwt oan Ed Knotter

Bêste Ed,

Hasto ûnderfiningen mei de oersetfunksje fan Frysker.nl? Ik wol, mar net altyd sokke goede. Men kin der soms apen mei fange! Dêr wol ik it hjoed oer hawwe.

Okkerdeis seach ik in parseberjocht fan Provincie Fryslân Pers. Dat begûn mei ‘Grien ljocht foar twa Fryske akwatermy oanfreegje.‘ It like wol as woe de provinsje syn ynwenners oantrúnje om grien ljocht oan te freegjen foar Fryske akwatermy. Mar wêr en hoe dan? Dat waard net samar dúdlik.
No ferstjoert de provinsje komselden allinne mar Frysktalige berjochten. Der giet ek in Hollânske ferzje mei. Om út te finen wat mei de begjinsin bedoeld waard, pakte ik dy Hollânske ferzje derby. Dy begûn mei ‘Groen licht voor twee Friese aquathermie aanvragen.’ Op it earste gesicht wurdt dêr deselde (ûnbegryplike) oantrún yn jûn, mar it is al gau dúdlik dat ‘aanvragen’ net as tiidwurd, mar as haadwurd bedoeld is en dat de skriuwer ‘aquathermieaanvagen’ skriuwe moatten hie.

It sil wol sa gien wêze dat earst de Hollânske tekst skreaun is en dat dy digitaal oerset is. Sa haw ik it ek besocht. Earst mei ‘aquathermie aanvragen’ as twa wurden. Dat levere dy brike sin op. En doe mei ‘aquathermieaanvragen’ as ien wurd; sa’t it heart dus. En sjedêr, dat levere in dúdlike sin op: ‘Grien ljocht foar twa Fryske akwatermyoanfragen.’ Dy sin late it boadskip yn: twa oanfragen út Fryslân wei binne honorearre. Konklúzje: fan min Hollânsk kin de oersetter gjin geef Frysk meitsje. It lei him net oan de oersetter, mar oan de foarljochter.

No is dat net hielendal wier. De twadde sin fan it parseberjocht begjint sa: ‘Hjirmei komt in lytse 2 miljoen euro frij…’ Dat is letterlik oerset, mar yn geef Frysk soe dy sin mei ‘Dêrmei’ begjinne. Ik tink dat it de makkers fan it oersetprogramma net yn ’e skuon te triuwen is dat it programma net útmeitsje kin wannear’t it hjir of dêr, dit of dat en dizze of dy wêze moat. Dan soe it de hiele sin begripe moatte kinne. Safier is it noch net mei de keunstmjittige yntelliginsje.

Fan sokke taalflaterkes binne der yn dat berjocht folle mear oan te wizen. Wa’t tinkt dat er sûnder it Frysk te behearskjen op in flaterfrije tekst fan Frysker rekkenje kin, makket himsels wat wiis. Dat jildt net inkeld foar ús oersetter. Wy kenne allegearre wol de bespotlike oersettingen yn gebrûksoanwizingen by apparaten dy’t yn oare lannen makke binne. Digitaal makke oersettingen moatte altyd saakkundich neisjoen en oanpast wurde, sa is it en sa sil it ek wol bliuwe.

Noch in foarbyld. Doe’t ik mei de sykfunksje it lemma ‘standaard’ beseach, seach ik by de betsjutting ‘findel’ dizze sin: ‘zich onder iemands standaard scharen’. Dat like my in moaienien om dy troch de oersetter te heljen. En dat smiet ‘jin ûnder immens standert skjirje’ op. It wie my al faker opfallen dat ‘scharen’ (jin earne by foegje) net begrepen wurdt en foar skjirje = skuorje oansjoen wurdt.

Yn de disclaimer (dêr’t gjinien nei sjocht, bin ik bang) stiet ûnder mear: “It op Frysker oanbeane materiaal wurdt oanbean sûnder wat foar foarm fan garânsje of oanspraak ek op krektens. Dit materiaal kin op elk momint wizigje sûnder foarôfgeande meidielingen fan de Fryske Akademy.”
It liket my net ferkeard dat by de funksje ‘oersette’ yn grutte letters in warskôging jûn wurdt dat oersettingen net samar oernommen wurde kinne, mar earst goed hifke wurde moatte.

Mei freonlike groetnis,

Jan

maaie 2, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. Bert maaie 2, 09:23

    Yn it begjin koenen jo ek in pear letters type en dan kaam der al in rits mei mooglike wurden. Dit is der net mear spitigernôch, wie tige handich mei Fryske wurden dy’t ik hearde mar net krekt wist hoe’t se stavere wurde moatte.

    It is ek ferstannich om as jo wol witte hoe jo it wurd staverje moatte, mar spesifyk witte wolle hoe’t it brûkt wurdt, it ék fia it Hollânske wurdt te besykjen, jo kreie dan gauris oare foarbylden dan as jo fuort it Fryske wurdt ynfolle hienen. Ik ha it dan fansels oer de funksje ‘Sykjen’.

  2. Jabik Jans maaie 2, 16:23

    It oersetsysteem draait ek de tiidwurden om

  3. O. Setsma maaie 3, 07:03

    Jan hat de loarte by de skjinne ein! Der moat hifkje en ferbettere wurde troch betûfte kenners fan it Frysk. Binne dy der noch?

  4. Henk Nijp maaie 4, 09:04

    It ‘Taalweb Frysk’ hie nea weismiten wurde moatten!

  5. Fercinand de Jong maaie 4, 17:33

    Folslein mei iens!

  6. Cor Jousma maaie 5, 11:36

    No haw ik krekt in Frysktalich parseberjocht nei it Nederlânsk oerset en dêr bin ik net ûntefreden oer. Der bliuwe fansels altiten in pear bonkjes dêr’t ‘e skriuwer sels nei sjen moat.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.