Waarpraatsje: Woansdei waarmer

maaie 30, 2023 19:35

DE JOUWER – It wie in skiere en frisse dei wylst it yn it suden fan Nederlân strieljend en in stik waarmer wie. Woansdei giet de temperatuer yn Fryslân ek wer omheech.

Tiisdeitenacht kin it opklearje en op guon plakken wat dampich wurde. By in matige noardeastewyn wurdt it 7 graden.

Woansdei skynt de sinne, mar yn it Waadgebiet en by de noardlike kust lâns sil it, nei alle gedachten, minder sinnich wêze. De wyn komt út it noardeasten en is matich. Op de Waadeilannen wurdt it 15 graden; op it fêstelân, mear de provinsje yn, leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

Tongersdei wurdt it wer ‘kâlder’.

Jan Brinksma

maaie 30, 2023 19:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.