Waarpraatsje: Kreas wykein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It keallet dizze maitiid swier, mar it waar foar it wykein sjocht der wol kreas út.
Sneon skynt de sinne geregeld en it liket, sa goed as, drûch te bliuwen. Der stiet in matige noarde- oant noardeastewyn en de temperatuer leit om de 17 graden hinne.
Snein feroaret der net in soad. Der is, nei alle gedachten, wat mear bewolking as sneon, mar wy sille de sinne grif wol sjen. By in matige noardewyn wurdt it 18 graden.
Moandei liket in skiere dei te wurden, mar wiet wurdt it net. By in matige oant frij krêftige noardwestewyn is it mei 14 graden wol wer in stik frisser.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje