Waarpraatsje: It keallet swier
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – De sinne hie it woansdei dochs wer dreech. It keallet dizze maitiid swier. It wurdt letter yn ‘e wike wol waarmer mei mear sinne, mar it giet hiel stadichoan.
Woansdeitenacht is it drûch en by hast gjin wyn leit de temperatuer om de 5 graden hinne.
Himelfeartsdei liket yn Fryslân in dei mei foar it grutste part in berûne loft te wurden. By in swakke oant matige noardeastewyn sil it net folle waarmer wurde as 13 graden. Te kâld foar dizze tiid fan it jier.
Freed feroaret der net in soad. It wurdt 14 graden, mar in strieljende dei sil it, nei alle gedachten, ek noch net wurde. It bliuwt wol drûch en der stiet in swakke oant matige noardeastewyn.
Yn it wykein leit de temperatuer dan lang om let om de 20 graden hinne.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje