Waarpraatsje: Grutte ferskillen

maaie 31, 2023 19:30

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Der wiene woansdei yn Nederlân grutte ferskillen, mar sels yn Fryslân wiene de ferskillen hiel grut mei strieljend waar yn it súdlike part en folle mear bewolking yn it noarden. Tongersdei hat de sinne it in hiel Fryslân wer dreech.

Woansdeitenacht rekket de loft, nei alle gedachten, wer berûn. De noardewyn is matich, by de kust lâns sa út en troch frij krêftich. It wurdt 8 graden.

Tongersdei liket yn Fryslân in skiere dei te wurden, mar in glimp fan de sinne is net hielendal útsletten. Der stiet wer in stûfe noardewyn en it sil net folle waarmer wurde as 14 graden.

Nei tongersdei bliuwt it noch in hiel skoft drûch.

Jan Brinksma

maaie 31, 2023 19:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.