Waarpraatsje: Drûch pinksterwykein

maaie 26, 2023 19:26

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Wy krije in drûch pinksterwykein mei in soad sinne, mar al te waarm wurdt it net.

Sneon skynt de sinne flink, mar it wurdt yn Fryslân, nei alle gedachten, wer net in strieljende dei. De wyn komt út it noardeasten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. Mei in graad of 16 bliuwt it wat oan de frisse kant.

Snein feroaret der hast neat oant it tige stabile waar. De sinne is der wer goed by en by in matige noardeastewyn wurdt it 16 graden.

Pinkstermoandei sjocht der ek kreas út. De sinne hat it wol wat dreger, de noardeastewyn is wer matich  en it is mei 14 graden wier net waarm. Foar de dielnimmers oan ’e Alvestêdetocht op ’e fyts is it waar yn alle gefal in hiel stik better as ferline jier. Doe wie it striemin en hiene de fytsers it dreech.

Nije wike wurdt it waarmer.

Jan Brinksma

maaie 26, 2023 19:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.