Waarpraatsje: Alle dagen better
Resint ferskynd

Sicht op Deinum. Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in hiel kreas wykein en in skiere moandei wurdt it dizze wike alle dagen wat better. It sil boppedat stadichoan ek aardich waarmer wurde.
Moandeitenacht soe der letter in bui falle kinne. De wyn komt út it noardwesten en is matich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt in graad of 6.
Tiisdei hat de sinne it yn Fryslân dreech en der kin op guon plakken in bui falle. De noardwestewyn is matich, by de noardlike kust lâns frij krêftich. It wurdt noch net folle waarmer as 12 graden.
Fan woansdei ôf bliuwt it in hiel skoft drûch.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje