Waadkust yn de skynwerpers mei Lânskipstriënnale 2023

maaie 11, 2023 08:22

Ta eare fan de start fan de Lânskipstriënnale 2023 lansearret Visit Wadden in reisdeiboek mei alle hichtepunten fan in besite oan it Waad.

Fan ’e wike is offisjeel de Lânskipstriënnale 2023 – Dynamyske Waaddelte begûn. De edysje wurdt by de Nederlânske Waadkust del holden, fan Den Helder oant de Dútske grins. It doel fan de Lânskipstriënnale is om de dynamyk fan it kustlânskip, dat by it Unesco Wrâlderfgoed Waadsee lâns rint, yn de skynwerpers te setten. Om dat krêft by te setten hat Visit Wadden in reisdeiboek makke. Tiisdei naam de organisaasje syn trekken waar en oerlange by syn besite oan Flylân in eksimplaar oan Kening Willem-Alexander.

Foto: Amy van der Galiën/Visit Wadden

Lânskipstriënnale 2023
Yn 2020 tsjinne in inisjatyfgroep fan LF2028, kulturele haadstêd Ljouwert-Fryslân, in útstel yn by de lanlike stifting Lânskipstriënnale om de Waadkust te selektearjen foar it festival yn 2023. De Lânskipstriënnale is in samling gearhingjende eveneminten lykas eksposysjes, sympoasiums, debatten, ekskurzjes, optredens, ensafuorthinne, rjochte op it eartiidske, hjoeddeiske en takomstige lânskip. It útstel waard takend en de edysje is no begûn. De fokus leit op de Waadseedyk mei de bûtendykske kwelder, de Waadlânbou mei agrotoerisme en de Waaddoarpen mei de tsjerken as moetingsplak. It evenemint behellet ferskate doelgroepen mei trije ferskillende programmalinen: in ‘Poadium’ foar it brede publyk, in ‘Platfoarm’ foar nije netwurken fan bewenners en ûndernimmers (mei ekstra omtinken foar jongerein) en in ‘Panorama’ foar profesjonals. By dy lêste programmaline wurdt mei oerheden en belanghawwers nei de takomst fan de Waadkust yn it jier 2100 sjoen.

Taastber oantinken oan it Waad
Spesjaal foar de start fan de Lânskipstriënnale hat Visit Wadden in reisdeiboek útbrocht dat alle eleminten fan in besite oan it Waad byinoar bringt, lykas de prachtige natuer, lokale kultuer, gastronomy en tradysjes. It deiboek biedt romte om reisûnderfiningen op te skriuwen en foto’s en oantinkens ta te foegjen, sadat it in taastber en persoanlik omtinken oan de reis wurdt. De earste tsien eksimplaren binne moandei útrikt oan Els van der Laan, programmalieder fan de Lânskipstriënnale 2023.

Programmalieder Els van der Laan (l.) en projektlieder Wendy Oude Veldhuis (foto: Visit Wadden)

Net allinnich foar reizgers
It nije reisdeiboek fan Visit Wadden is net allinnich handich foar reizgers, mar ek ornearre foar bewenners en leafhawwers fan it Waad. It deiboek is ûntwurpen mei each foar detail en befettet in protte ynformaasje de unike skaaimerken fan it Waad. It reisdeiboek is fan takom wike ôf te keap by de lokale ûndernimmers yn it Waadgebiet, de VVV’s en de toeristyske ynformaasjepunten.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.landschapstriennale.com.

maaie 11, 2023 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.