Utnûging iepenbiere gearkomste Ried Fryske Beweging
Resint ferskynd
Bekendmakking
It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging nûget syn stipers en de fertsjintwurdigers fan de oansletten selskippen fan herten út foar de gearkomste op 15 maaie fan de Grutte Ried.
Plak: doarpshûs Nij Franjum, Franjumbuorsterpaed 12, Marsum
Tiid: moandei 15 maaie 2023 om 19.30 oere
Wurklist
- Iepenjen en fêststellen fan de wurklist
- Meidielings en ynkommen stikken
- Oantekens lêste Riedsgearkomste d.d. 27-10-2022*
- Jierferslach skriuwer 2022
- Jierrekken 2022*:
a. Ferslach ponghâlder
b. Ferslach kaskommisje - Aktiviteiten (sjoch Nijsbrief)
- Fêststellen karbriefwizigingen (útstel tastjoerd nei oanbelangjenden)
- Beneamen nij kaskommisjelid
- Wat fierder op it aljemint komt / omfreegjen
SKOFT
- Mirjam Vellinga, projektlieder Taalpromoasje en ynternasjonale projekten by de Afûk, sil ús wat fertelle oer de projekten fan de Afûk om it brûken fan it Frysk te befoarderjen, lykas de kampanje foar Nije Fryskpraters, Psychology fan dyn Taal, kontakten mei bedriuwen en de gearwurking mei it MBU dêrby.
- Sluten
Neisit mei slokje en flaubyt
De wurklist, it jierferslach 2022 fan de skriuwer en de nijsbrief mei in oersjoch fan de lêste aktiviteiten binne oer de post nei alle stipers en Riedsleden tastjoerd.
* Op de gearkomste binne eksimplaren fan it ferslach fan de Grutte Ried fan 27-10-2022 en de stikken fan de ponghâlder beskikber. Eventueel binne dy op te freegjen by de skriuwer: Nynke Beetstra, tel. 0566-622485 of 06-50471910.
It útstel fan de karbriefwizigingen is tastjoerd nei de oanbelangjenden dy’t dêroer stimme meie: de Riedsleden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje