Unike gitaar Keith Richards nij yn ‘The Rolling Stones – Unzipped’ yn Grinzer Museum

maaie 13, 2023 09:16

De gitaar dy’t Keith Richards sels beskildere, is foar it earst te sjen yn it Grinzer Museum by The Rolling Stones – Unzipped. Dat it by de Stones om mear as allinnich muzyk giet, is dúdlik yn de útstalling te sjen. Fan seldsume ynstruminten, audiofisueel byldmateriaal en platehoezen oant persoanlike eigendommen, poadiumûntwerp en moade. Op freed 30 juny wurdt de útstalling yn it Grinzer Museum iepene. Dat museum is de alderlêste lokaasje dêr’t The Rolling Stones – Unzipped te sjen is. Dêr einiget de útstallingstoernee nei Londen, Sydney, de Feriene Steaten en Azië.

Gibson Les Paul Custom, 1957, beskildere troch Keith Richards (foto: Grinzer Museum)

Nij is de beskildere gitaar fan Keith Richards. In Gibson Les Paul dy’t er besleat te farvjen doe’t er him ferfeelde yn ôfwachting fan syn finzenisstraf, nei alle gedachten yn 1967 of 1968. It skilderjen begûn by syn skuon, gie fierder by syn wite learzens en dêrnei moast de gitaar deroan leauwe. De beskildere gitaar is te sjen yn de film Sympathy for the Devil (1968) fan Jean-Luc Godard, dêr’t Richards de les Paul in protte yn brûkt. It ynstrumint is útgroeid ta in ikoanysk stik en hat no in plak yn de útstalling.

Hilfiger, Clark en Warhol: ûntwerpers foar de Stones
De Stones begripe hoe belangryk moade, fotografy, film, keunst en poadiumûntwerp binne. Keunstners, sineasten en moadeûntwerpers hawwe dan ek foar in grut part bydroegen oan it imago fan de band. Mar, sa sizze bygelyks moadeûntwerpers Anna Sui en Tommy Hilfiger, hja lieten har net ûntwerpe. Hja ûntwurpen harsels. En ynhierde keunstners en foarmjouwers mochten it fierder ôfmeitsje.

Dat is ek werom te sjen yn de klean dêr’t Mick Jagger him mei optoaid hie in Amerikaanske toernee yn 1969: in swart T-shirt mei in omega-symboal derop yn kombinaasje mei in reade kapmantel. Ossie Clark, in ûntwerper dêr’t de sjonger fan ein sechstiger jierren ôf mei gearwurke, ûntwurp de mantel. It is it belangrykste stik klean yn de útstalling.

Deiboek Keith Richards
In echt kroanjuwiel yn Unzipped is in deiboek fan Keith Richards, dat er fan jannewaris 1963 ôf in jier lang byhold. It komt út de samling fan Richards sels en jout ynsjoch yn de tinzen fan de gitarist. Hy skreau oer oefensesjes, optredens, it tal taskôgers en oft de band it in bytsje goed die en hoefolle jild oft se fertsjinnen. It deiboek befettet de meast útienrinnende ferhalen. Sa skreau er op 14 febrewaris 1963 grutsk dat Glyn Johns, de lûdstechnikus, de bandleden in wike letter de studio yn smokkelje woe om dêr in nûmer oan platemaatskippij Decca Records te ferkeapjen.

Jonge jierren yn Edith Grove
Eins seach it der net út, it fersmoarge appartemint fan de Stones yn Edith Grove. Fize ôfwask, goare bêden fol rotsoai en itensresten en útdrukte sigaretten. Keith Richards: “De keuken, dêr kaam men net, dy wie noch slimmer as de baaikeamer. It wie in bargestâl.” Dochs is de rekonstruksje fan it appartemint dêr’t de jonge bandleden wennen, yn de útstalling neiboud. It jout in byld fan wêr’t de band wei kaam en wat de kontekst wie dêr’t se muzyk yn makken. De besiker waant him fuortdaliks yn de libbenswrâld fan de Stones yn de sechstiger jierren.

De tonge
Miskien wol it bekendste en bêste bandlogo op ’e wrâld: it ûntwerp fan Tongue & Lips troch John Pasche. Hy ûntwurp it byldmerk yn 1970 foar fyftich pûn. No is de wearde fan datselde logo amper noch yn jild út te drukken. It ferskynt tsjintwurdich op in protte artikels dy’t yn de hannel binne en it sil ek op ferskate plakken yn en om it Grinzer Museum te finen wêze.

The Rolling Stones – Unzipped is fan 30 juni 2023 o/m 21 jannewaris 2024 te besjen yn it Grinzer Museum. Kaarten foar de útstalling binne te keap fia rollingstonesgroningen.nl.

maaie 13, 2023 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.