Undersyk: hjir steane de minst isolearre huzen fan Fryslân

maaie 15, 2023 08:23

Sûnt de sterk stiigjende enerzjyprizen binne in protte huzebesitters harren wente oan it ferduorsumjen. Dochs is yn Fryslân hjoed-de-dei noch hast ien op de njoggen huzen tige min isolearre. Dy enerzjyfrettende wenten krije enerzjylabel F of G. Wol binne der grutte ferskillen de gemeente, sa docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan data fan de Rykstsjinst foar Undernimmend Nederlân (RVO) en it CBS.

Ofbylding: pixabay.com

Alle wenten dy’t ferkocht of ferhierd wurde, binne tsjintwurdich fan in enerzjy-etiket foarsjoen: fan enerzjyneutraal (A) oant enerzjyfrettend (G). Yn Fryslân blykt 10,7% fan de wenten mei in jildich enerzjylabel min isolearre te wêzen. Dat persintaazje is it op ien nei heechste fan hiel Nederlân. Utsjitter is Seelân: dêr hat sels 10,8% fan de huzen enerzjylabel F of G.

Skylge hat minst isolearre huzen
Lokaal binne de útsjitters noch grutter. Op Skylge hat bygelyks wat mear as in fjirde part fan de wenten enerzjylabel F of G en is sadwaande sels koprinner fan Nederlân.
De Fryske gemeenten mei it heechste tal min isolearre huzen binne:

  • Skylge: 25,5%;
  • Noardeast-Fryslân: 16,8%;
  • Skiermûntseach: 15,9%;
  • It Amelân: 15,4%;
  • Waadhoeke: 15,2%.

De enerzjylabelkaarten binne hjir te besjen.

Hast helte fan de huzen is enerzjysunich, Harns koprinner
Der is ek better nijs. 46,1% fan de Fryske huzebesitters hat nammentlik wól in enerzjysunige wente mei it griene etiket A of B. Dy huzen binne wol goed isolearre, hawwe sinnepanielen en brûke meastal in duorsume enerzjyboarne. Koprinner is Harns: dêr is op it stuit al 67% fan de huzen fan in duorsum label foarsjoen. Op Flylân (62,5%) en yn de Fryske Marren (56,2%) wenje ek in protte minsken yn in hûs dat mei in bytsje enerzjy ta kin.

maaie 15, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.