Undersyk: Fryslân goedkeapste provinsje om te boaskjen

maaie 25, 2023 08:48

As twa minsken troch de wike it jawurd yn in Frysk gemeentehûs jaan wolle, betelje se dêr yn 2023 yn trochsneed € 321,60 foar. Fryslân hat dêrmei de goedkeapste houliksseremoanjes fan hiel Nederlân. Wol binne der lokaal grutte ferskillen yn de kosten. Dat docht bliken út it jierlikse buro-ûndersyk fan ThePerfectWedding.nl.

Foto: pixabay.com

Yn it gemeentehûs boaskje kostet yn Nederlân yn trochsneed € 432,98. It giet dan om in seremoanje yn ’e middei op moandeis oant en mei tongersdeis. Yn Fryslân lizze de kosten dus aardich leger, sa docht út it ûndersyk bliken.

Goedkeapste en djoerste seremoanje: ferskil fan hast € 1.500
Foaral yn Waadhoeke is in houliksseremoanje op moandei-, tiisdei-, woansdei- en tongersdeitemiddei foardielich. Pearen betelje op it stuit foar in seremoanje yn it gemeentehûs € 185. De top 5 goedkeapste gemeenten om troch-en-deisk yn it houliksboatsje te stappen:

  • Waadhoeke: € 185
  • Flylân: € 219
  • Harns: € 228,20
  • Noardeast-Fryslân: € 240,15
  • Smellingerlân: € 245

De djoerste gemeentlike seremoanje is sneons yn Ljouwert. Boaskje kostet dêr dan € 1.652,83. It ferskil tusken de goedkeapste en djoerste gemeentlike seremoanje fan Fryslân rint dêrmei op oant € 1.467,83.

Kosten nimme yn measte gemeenten ta
Yn fjirtjin fan de sechstjin Fryske gemeenten is troch de wike op in gemeentelokaasje boaskje dit jier djoerder as yn 2022. It slimst wie dat yn Ljouwert (+10,5%), folge troch Flylân (+10,1%) en Skylge (+5,6%).

Yn Dantumadiel rûn it just opfallend tebek. Op moandei-, tiisdei-, woansdei- of tongersdeitemiddei boaskje is dêr yn 2023 just 17,6% goedkeaper wurden.

Op dizze side is in ferliking tusken de gemeenten te finen.

maaie 25, 2023 08:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.