Tryater bringt muzykteäterfoarstelling ‘Sâlt’ op Oerol

maaie 15, 2023 08:27 Fernijd

Fan 9 oant en mei 18 juny spilet aktrise en teätermakker Eva Meijering op Oerol it persoanlike Sâlt, mei muzikale begelieding fan Michelle Samba. In foarstelling oer it balansearjen tusken kontrôle en oerjefte.

‘Sâlt’ (foto: Heleen Haijtema)

It stik is spesjaal foar it Oerol-festival makke. Yn in dúnpanne efter it Heartbreak Hotel sit it publyk mei Eva yn in magysk-realistyske wrâld. Stadichoan wurdt bleatlein hoe’t se dêr telâne kommen is. Hja wit har wat yn it sin te bringen oer sâlt wetter, in dokter, har âlden, har hûd en jokte dy’t net ophâldt. Mominten dy’t laat hawwe ta de yngewikkelde relaasje mei har eigen lichem. Want as men altyd jins ympulzen ûnderdrukke moat, kin men dan noch frijheid ûnderfine? Slagget it Eva úteinlik om los te litten?

Persoanlike ûnderfiningen
Betinker en aktrise Eva Meijering spilet út tige persoanlike ûnderfiningen wei: “Net klauwe, dêr binne alle dokters dy’t ik yn myn libben sjoen ha it oer iens. In skoft lang hie ik in ôfgriis fan myn hûd. Ik woe net dat famke mei jokte en flekken wêze. Yntusken sjoch ik myn lichem as in dashboard foar wat der ûnder myn hûd oan ’e hân is. Wy binne ús brein, wurdt der wol sein. Mar wat dogge we mei de kennis fan it lichem?”

Aktrise Eva Meijering wennet yn Amsterdam en is al langere tiid ferbûn oan Tryater. Hja wie te sjen yn ûnder mear Doarp Europa en Nacht. Multy-ynstrumintalist Michelle Samba komponearre de muzyk foar Sâlt, dy’t se by de foarstelling spilet. Hja gie ûnder oaren op toernee mei Claudia de Breij. Eva en Michelle binne beide hikke en tein yn Fryslân. De regy is yn hannen fan ynternasjonaal operearjend akteur en regisseur Michaël Bloos (û.o. Istanbul Bericht van de andere kant, yn de top 3 bêste foarstellingen neffens Trouw). Frank Siera skreau de tekst. Syn teksten wurde tekene troch de filosofyske yntinsje en muzikaliteit. Se binne yn ferskate talen oerset en publisearre yn literêre tydskriften.

Yn Sâlt wurdt sawol Frysk as Nederlânsk praat. De foarstelling is op it festival alle dagen fan 12.45 oant 16.30 oere te sjen (mei útsûndering fan moandei 12 juny). De kaartferkeap foar Freonen fan Oerol is op 10 maaie begûn. Fan 16 maaie ôf binne kaarten foar elkenien te keap fia oerol.nl.

maaie 15, 2023 08:27 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.