Briefkje (66): Troch sykte besocht wurde is gjin noflik besyk
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn foarich brief.
Bêste Jan,
it is foar my alhiel gjin ‘besiking’ om alle kearen in reaksje op in brief fan dy te skriuwen. Ik haw der wol niget oan en sil wer besykje om op in stikmannich aspekten yn te gean. Der falt in protte te sizzen oer besytsje en alle (taalkundige) aspekten dy’t dêr anneks mei binne.
It tiidwurd besytsje lies ik foar ’t earst op It Nijs en hoewol’t ik fuortdaliks begriep wat dermei bedoeld waard, moast ik it wurd dochs efkes teplak bringe. It heugde my net dat ik it ea earder sjoen hie, wylst foarm en betsjutting hiel trochsichtich binne: in je-tiidwurd, ôflaat fan besite, dat liket op visite. Men sjocht fuort de analogy mei bygelyks (de redens) ynfetsje, ôflaat fan fet (smoar), of (de tonne kin oalje) befetsje.
Dat it synonym besykje, dat dêrnjonken ek wat oars betsjutte kin, faker brûkt wurdt as besytsje, kin komme fan it feit dat de sterke (ûnregelmjittige) ferbûging besocht dúdliker oerkomt as de swakke (regelmjittige) ferbûging besitet-besite. ‘Dokter hat de pasjint diskear net besite, wylst er him oars alle wiken besitet.’ Soks heart wat nuver, wylst it wol geef is.
Dy oare betsjutting fan besykje, ‘probearje’, sil besibbe wêze oan it Dútske versuchen en foar wa’t dat yn ’e efterholle hat, jout dat gjin problemen. ‘Ik woe besykje om it museum te besykjen, mar koe gjin kaartsje mear krije.’ Yn it sinsferbân is soks folslein dúdlik. Ik moat der gau by sizze dat probearje net hielendal itselde is as besykje. Der is nammentlik noch in oare oerienkomst mei it Dútsk: Probe = proef; probearje is dus in proef nimme, in test dwaan, útprobearje = ausprobieren, prüfen (ûndersykje). Wurden en betsjuttingsnuânsen by de rûs.
It bysûndere wurd besiking, datst yn de titel hiest, stiet op it earste gesicht wat fierder fan besykje ôf. Yn figuerlike sin is dat ferbân der lykwols wol. Minsken kinne besocht wurde troch pleagen of in slimme sykte. Mei it Hollânske beproeving, dat yn dy kontekst past, komme wy wer by probearje út. Ik begryp no ek dat in ‘probaat’ middel goed útprobearre is en de proef trochstien hat.
Mei de lêste wurden yn dyn brief fan ferline wike, Jan – besikers en besyksters – stap ik oer op it oheden fan yn- en eksklusiviteit. Men griist derfan, mar de diskusje is der no ienkear. Yn it Dútsk is it wizânsje en sis ‘liebe Besucherinnnen und Besucher’. Frij wat oerdreaun yn ús earen, mar se binne der aardich konsekwint yn. Ferline wike siet ik yn in ynternasjonale trein yn Dútslân en hearde ik: ‘Sehr geehrte Fahrgäste’. Ik wol net leauwe dat ien him bûtensletten fielde, mar ik miste: ‘… und Fahrgästinnen’ en dan ek noch yn oare folchoarder. De diskusje hjir en yn oare lannen sil noch wol in skoft trochsangerje, mar wêr sil it op útdraaie? Eltse kultuer kriget de noarm dy’t er fertsjinnet.
Mei freonlike groetnisse,
Ed
In skoft lyn seach ik dat it doarpshûs fan Suwâld de sealen ‘jister’ en ‘bleense’ hat en dat yn Sumar iisbaan De Bleense yn ‘e buert fan de strjitte De Jister leit. Dat docht my tinken dat se mei inoar te kreien ha, mar ik fyn inkeld fan jister in betsjutting: ‘ôffrede romte yn it lân of plak neist it hiem, dêr’t it fee molken wurdt’.
Wit ien wat in ‘bleense’ is?
Ik wit it likemin, mar freegje my ôf oft de skriuwwize net wêze moat ‘blinse’ of ‘blinze’, faaks in gearlûking fan ‘blinge’? Mar dat moat ik freegje oan taalgelearden.