Telefoanboete itende Australiër skrast

maaie 18, 2023 08:23

In Australyske sjauffeur dy’t in boete krige omdat er syn telefoan net hânfrij brûkt hawwe soe, hat de bekeuring mei sukses oanfochten. Yn de rjochtseal koe er foardwaan dat er oan it iten wie.

Foto: plysje Australië

De 35-jierrige sjauffeur waard op 29 juny ferline jier oan it begjin fan de jûn flitst troch in ferkearskamera. Op de foto is dúdlik te sjen dat er wat yn ’e hannen hat en de posysje fan de fingers liket te ferrieden dat er op in telefoan dwaande is. De man krige in boete fan goed 200 euro en fiif strafpunten op syn rydbewiis.

De advokaat fan de man bepleite by de rjochter lykwols mei sukses dat de man mei syn jûnsiten dwaande wie. De sjauffeur hie earder dy deis smartsiis helle, dêr’t sâlte koekjes yn doopt wurde kinne. Yn de rjochtseal waard him frege om de hanneling nochris foar te dwaan. De automobilist bliek krekt as op ’e foto it bakje yn ’e rjochterhân hâlde te kinnen, wylst er mei lofts de foly derôf helle. De rjochter wie oertsjûge.

“Men kin inkeld feroardiele wurde as ûnwjerlisber bewiisd is dat men echt in telefoan yn ’e hannen hie”, reagearre de advokaat foldien nei de frijspraak. “Myn kliïnt is in hurdwurkjende Australiër dy’t gewoan mei syn jûnsiten dwaande wie.”

De riedsman joech ta dat er yn tweintich jier tiid noch nea sa’n saak tsjinkommen wie. Meastal ferdigenet er nei eigen sizzen dieven, moardners en hannelers yn ferdôvjende middels.

maaie 18, 2023 08:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.