Swiere oerstreamingen en evakuaasjes yn Noard-Italië

maaie 17, 2023 08:43

Yn it noarden fan Italië hat it slimme en lange reinen ta oerstreamingen laat. Neffens lokale media binne tûzenen minsken evakuearre. Benammen de regio Emilia-Romagna is troffen.

Foto: morguefile.com

Yn de stêd Cesena steane strjitten splis en binne minsken mei helikopters fan dakken ôf rêden. De elektryske stroom is yn guon wiken útfallen en de skea is grut. De 100.000 ynwenners fan Cesena krije it advys om foaral net nei it natuergeweld te sjen en minsken dy’t deun by de Savio-rivier wenje, moatte, as dat kin, safolle mooglik nei hegere lizzend lân gean. Yn Forli, noardwesten fan Cesena, is it lichem fan in âldere man fûn oan de wâl fan de rivier de Montone. De man wie troch it wetter út syn ûnderstrûpte hûs meisleept. Syn frou koe rêden wurde.

In protte skoallen yn ’e regio hâlde de doarren ticht en treinen ride net. Foar de kommende dagen wurdt mear rein ferwachte. De regio hie earder fan ’e maitiid noch bot lêst fan drûchte.

It sirkwy fan Imola, dêr’t takom wykein de Formule 1 Grand Prix fan Emilia-Romagna holden wurdt, is tiisdei ûntromme. Ut eangst foar oerstreamingen en ierdferskowingen hat it personiel fan de raceploegen de opdracht krige om foarearst it Autodrome Internazionale te ferlitten.

maaie 17, 2023 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.